De swellesturtbijefretter (Merops hirundineus) is in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae).
Skaaimerken
Lykas oare bijefretters is dit in kleurike, slanke fûgel. Syn kleuren en foarkesturt binne ûnderskiedend. Hy is benammen grien, hat in in giele kiel, in smelle blauwe kraach, in swarte eachstreek en in swarte snaffel. De sturt bestiet út griene of blauwe fearren. De fûgel kin ynklusyf de lange swellesturt in lingte fan 20-22 sm berikke. Der is gjin ferskil tusken mantsjes en wyfkes.
Fersprieding De swellesturtbijefretter wurdt yn fjouwer ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:
Merops hirundineus chrysolaimus – Senegal oant súdlik Tsjaad en it noardwesten fan 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk. Merops hirundineus heuglini - súdlik Sûdan en oanswettend Etioopje, Uganda en de Demokratyske Republyk Kongo. Merops hirundineus furcatus – it suden fan 'e Demokratyske Republyk Kongo oant Sambia, súdlik Simbabwe, Mozambyk en Tanzania. Merops hirundineus hirundineus - Angoala en Namybje oant Simbabwe en súdlik Súd-Afrika.
Hâlden en dragen De swellesturtbijefretter libbet yn in ferskaat oan habitats fan healwoastyn mei strûken oant savannes en boskrânen. De fûgel wurdt oantroffen yn iepen lânskip op sitplakken, om fan dêr wei yn 'e loft te sjitten om ynsekten te fangen.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje dy't stabyl is. Op basis dêrfan kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (''Least Concern, 2024). Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte wurdt omskreaun as wiidferspraat en lokaal talryk oant seldsum.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bijefretter Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe