De readkielbijefretter (Merops bulocki) is in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae).

Skaaimerken Readkielbijefretters ha in griene foarholle, in swart masker, in reade kiel (mei in fyn turkwaze streekje tusken it masker en de reade kiel), in kanielkleurige ûnderkant, in blauwe anaalstreek en in brune ûndersturt. De boppedielen binne kanielkleurich yn 'e nekke en op 'e mantel en grien op 'e rêch. De wjukken binne meast grien en de grutte fearren dêr binne blauswart op 'e einen. De boppekant fan 'e sturt is gielich grien. Readkielbijefretters ha in donker each, in swarte snaffel en swarte poatsjes.

Fersprieding De soarte komt yn 'e Sahelkrite foar en wurdt ferdield yn twa ûndersoarten:

Merops bulocki bulocki: fan Senegal en Gambia oant de Sintraal-Afrikaanske Republyk. Merops bulocki frenatus: fan súdlik Sûdan en westlik Etioopje oant noardeastlik Kongo-Kinsjasa en noardlik Uganda.

It habitat bestiet út bosksavennes mei rivieren en rillen, fierder heal iepen lânskippen mei grutte beammen.

Hâlden en dragen Readkielbijefretters briede yn koloanjes oant 50 pearkes yn klaai- en sâniggen of by kliffen.

Status Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e wrâldpopulaasje. De soarte is mei in geskikt habitat lokaal gewoan. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. Dêrfandinne wurdt de readkielbijefretter troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bijefretter Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda