De wytkielbijefretter (Merops albicollis) is in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae). It is in briedfûgel fan 'e healwoastyn oan 'e súdlike râne fan 'e Sahara. De fûgel is in trekfûgel en oerwinteret yn in folslein oar habitat yn 'e ekwatoriale reinwâlden fan Afrika fan súdlik Senegal oant Uganda.

Beskriuwing thumb|left|Wytkielbijefretter yn 'e flecht. Lykas oare bijefretters is de fûgel kleurryk en slank. Wytkielbijefretters binne foar it measte grien, mar it gesicht en de kiel binne wyt. De kroan, de eachstreek en de nekkebân binne swart. De ûnderkant is feal grien mei op it boarst in blauwe gloed. It each is read en de snaffel is swart.

De fûgel wurdt 19 oant 21 sm lang, eksklusyf de twa tige lange sintrale sturtfearren dy't wol 12 sm lang wurde. Se weage 20 oant 29 gram. Mantsjes en wyfkes binne allyk, mar it mantsje hat langere sintrale sturtfearren. De rop is allyk oan dy fan 'e gewoane bijefretter.

Hâlden en dragen Wytkealbijfretters ite en sliepe mienskiplik. Lykas de namme al seit ite bijefretters ynsekten, benammen ealjebijen en hoarnbijen mar ek fleanende mychammels, dy't yn 'e loft fongen wurde troch út te fallen fanôf in sitplak.

De wytkielbijefretter is in fûgel dy't briedt yn drûch, sânich en iepen lân lykas healwoastyn. It binne sosjale fûgels dy't yn koloanjes briede yn sânbanken of iepen flakke gebieten. Se meitsje in relatyf lange tunnel fan 1 oant 2 m djip en lizze 6 oant 7 wite aaien. Sawol it mantsje as it wyfke soargje foar de aaien, mar se ha ek maksimaal fiif helpers by it fersoargjen fan 'e jongen.

Status De wytkielbijefretter hat in grut ferspriedingsgebiet en is dêr in gewoane ferskining. De populaasje is stabyl en de IUCN evaluëarret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bijefretter Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia