Yde de Jong (Arum, 8 jannewaris 1909 - Prachuab Kirikhan, Tailân, 18 july 1945) wie in aktyf keatser tusken 1926 en 1934. Hy helle 30 punten foar it ivich keatsklassemint en wûn twa kear in wedstriid.
Yn 1935 ferfear De Jong nei it eardere Nederlânsk-Ynje en wurke fan 1935 oant desimber 1940 by akkountantskantoar Frese en Hogeweg yn Semarang. Dêrnei waard er assistint-akkountant by de Nederlânske Hannelmaatskippij. Yn Nederlân hie er in oplieding folge as reserve-offisier. By de mobilisaasje yn Ynje wie er lykwols lânstoarmsoldaat. Nei de kapitulaasje fan it KNYL waard De Jong kriichfinzen nommen en oerbrocht nei in ynternearringskamp. Dêr moast er wurkje oan de Birmaspoarline. Yde de Jong kaam op 18 july 1945 yn 'e âldens fan 36 jier, om it libben yn ynternearringskamp Prachuab Kirikhan.
Prizen 1925 - Freule 2e priis 1931 - de Bond 4e prijs 1933 - de Bond 2e priis 1934 - de Bond 4e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:Frysk boekhâlder Kategory:Frysk ofsier Kategory:Frysk kriichsfinzene Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in jappekamp Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1945