thumb|left|It sinken fan 'e skippen fan 'e Swarte Seefloat by Sevastopol op 11 septimber 1854 Ivan Aleksejevitsj Vladimirov, ek wol John Wladimiroff (Russysk: Ива́н Алексе́евич Влади́миров) (10 jannewaris 1870 [Alde styl, 29 desimber 1869] – 14 desimber 1947) wie in Russyske keunstner: skilder en grafikus. Under de oarloggen fan 1904–1916 waard er bekend as in oarlochskeunstner (batalist). Dêrnei is syn reputaasje kontroversjeel wurden. Yn 'e Sovjet-Uny wied er bekend om skilderijen dy't de Oktoberrevolúsje ferhearliken. Yn it Westen en yn Ruslân nei de ûntbining fan 'e Sovjet-Uny is er lykwols bekend wurden om syn hurde krityske bylden fan 'e neisleep fan 'e Revolúsje.
Ivan Vladimirov waard berne yn Vilnius as soan fan 'e Russyske yntellektueel Aleksei Porfirievitsj Vladimirov, in pryster, en in Britske mem, Catherine Waghorn, in akwarelskilder. Yn net-Russyske dokuminten stavere de famylje harren namme as Wladimiroff en de keunstner stavere syn namme yn it Ingelsk as John Wladimiroff.
Ivan Aleksejevitsj waard beïerdige op it Serafimovskoje-begraafplak yn Sint-Petersburch.
De twa kanten fan de Revolúsje
Kategory:Russysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1869 Kategory:Persoan stoarn yn 1947