Buffelwevers (Bubalornis) foarmje in fûgelskaai fan sjongfûgels út de famylje weverfûgels (Ploceidae).
De soarten yn it skaai binne relatyf grutte en krêftich boude weverfûgels, folle grutter as de lytse kleurige wevers. Oer it generaal ha se in donkerbrún oant swart fearrekleed mei lytse wite dielen.
De snaffel is krêftich, koanysk en gaadlik om sied of hurde pitten mei te iepenjen.
Se libje yn groepen en wurde gauris assosjearre mei grutte sûchdieren lykas buffels en antilopen, dêr't se iten sykje troch ynsekten op en om de dieren wei te fangen. Dêrfandinne ek de namme buffelwever.
Se bouwe grutte tige opfallende mienskiplike nêsten yn beammen lykas ek de selskipwever docht, allinnich binne de nêsten fan 'e buffelwevers wat minder massaal.
It skaai waard yn 1850 troch Andrew Smith beskreaun mei readsnaffelbuffelwever (Bubalornis niger) as typesoarte.
Soarten Fan it skaai binne twa soarten bekend:
Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend 120px Bubalornis albirostris wytsnaffelbuffelwever Sub-Sahara net bedrigestabylBubalornis albirostris op BirdLife 120px Bubalornis niger readsnaffelbuffelwever Angoala, Botswana, Etioopje, Kenia, Mozambyk, Namybje, Rûanda, Somaalje, Súd-Afrika, Súd-Sûdan, Swazylân, Tanzania, Uganda, Sambia, Simbabwe. net bedrigestabylBubalornis niger op BirdLife
Kategory:Weverfûgel Kategory:Fûgelskaai