De Bingaalske wever (Ploceus benghalensis) is in fûgelsoarte yn it skaai wevers (Ploceus) út de famylje weverfûgels (Ploceidae).

Skaaimerken thumb|left|Wyfke of net-briedend mantsje. Bingaalske wevers wurde likernôch 15 sm lang. Yn it briedkleed hat it mantsje in goudgiele kroan, in wyt kin en in swarte bân oer it boarst. De ûnderkant is krêmkleurich. Bûten it briedseizoen ha mantsjes en wyfkes in brune kroan, in gielige wynbraustreek, in smelle bleekgiele snor en in minder ûntwikkele swarte boarstbân. De fearren fan 'e boppedielen binne brún mei sânkleurige rânen en de ûnderkant is sânkleurich. It ferskil tusken mantsjes en wyfkes bûten de briedtiid is mar lyts.

Fersprieding De fûgels komme fan Pakistan, noardlik en sintraal Yndia, Nepal, Bangladesj oant yn West-Myanmar foar, benammen yn 'e dellingen fan 'e Ganges- en Brahmaputra en guon oare rivierflakten.

It habitat bestiet út rivierlânskippen en sompen, iepen gebieten mei heech gers en reid, wetterrânen en strûken. Dêrnjonken wurde de fûgels ek waarnommen yn agraryske gebieten lykas rysfjilden, dêr't genôch nêstplak en iten te finen is.

Hâlden en dragen De fûgel bout de nêsten leafst by wetter, yn reidseames, heech gers of somtiden yn lytse beamkes, meastentiids yn lytse koloajes, mar net sa massaal as bygelyks de Bayawever (Ploceus philippinus).

Status De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list klassifisearre. It ferspriedingsgebiet is grut en de populaasje liket stabyl. Dochs binne der bedrigingen troch it ûntwetterjen en de degradaasje fan it natuerlike habitat fan 'e fûgel en feroarjend lângebrûk.

Kategory:Wever (fûgelskaai) Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan