Ids Roukema (Frjentsjer, 7 novimber 1889 - Harns, 15 maaie 1949) wie in aktyf keatser tusken 1909 en 1928. Hy helle 362 punten foar it ivich keatsklassemint en wie fiif kear winner fan de PC en waard ien kear ta kening fan de PC ferkeazen.

Roukema wie bepaald net immen dy't him stil hâld op it fjild. Meastentiids hie er mei syn kwinkslaggen it publyk op'e hân, mar syn flokken waard net altyd wurdearre. Ek op ynternasjonale wedstriden wie er in tige wurdearre krêft. Hy wie it net altyd iens mei it gesach op it keatsfjild en skromme net om dit nei foaren te bringen.

Der kaam in ein oan de topprestaasjes fan Ids Roukema troch in ûngelok yn de eksportslachterij. Hy snijde him sels yn 'e knibbel en soe hjir altyd lêst fan ûnderfine. Letter stie er mei in fiskkarre op de fiskfeiling.

Ids Roukema ferstoar op 15 maaie 1949, yn 'e âldens fan 59 jier.

Prizen 1913 - de Bond 3e priis 1913 - PC 1e priis 1915 - PC 3e priis 1916 - de Bond 1e priis 1916 - PC 1e priis 1917 - de Bond 2e priis 1918 - PC 3e priis 1919 - de Bond 6e priis 1919 - PC 2e priis 1920 - PC 1e priis 1922 - de Bond 2e priis 1923 - PC 1e priis + koning 1924 - PC 1e priis 1925 - de Bond 3e priis 1926 - de Bond 1e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn 1889 Kategory:Persoan stoarn yn 1949 Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan stoarn yn Harns