De oranje wever (Ploceus aurantius) is in wever út de famylje weverfûgels (Ploceidae).

Skaaimerken It mantsje is yn syn briedkleed meast helder giel mei in oranje strôt en in swarte streek tusken it each en de woartel fan 'e boppesnaffel. It wyfke is doffer, griengiel mei in wite búk (in kleur dy't net in soad by wevers foarkomt). It each fan beide seksen is read en de snaffel meast rôze oant swart. It wyfke wurdt gauris betize mei net-briedende mantsjes en oare soarten wevers, mar wurdt meastentiids waarnommen mei de mear ûnderskiedende mantsjes.

Fersprieding De soarte wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:

Ploceus aurantius aurantius: fan Sierra Leöane oant Angoala. Ploceus aurantius rex: Uganda, westlik Kenia en noardwestlik Tanzania.

De fûgel briedt yn koloanjes en wurdt by wiete gebieten, marren, rivieren en sompen oantroffen.

Status De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt as algemien oant ûngewoan en oan 'e kust algemien beskôge. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list.

Kategory:Wever (fûgelskaai) Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda