Hendrik Douwes Lemstra (Wytmarsum, 3 july 1898 - Amsterdam, 8 novimber 1922) wie in aktyf keatser tusken 1916 en 1921. Hy helle 86 punten foar it ivich keatsklassemint. Lemstra gie yn 1921 as arbeider nei Dútslân, dêr't er tuberkuloaze oprûn. Hy waard dêr opnommen yn it sanatoarium/stêdssikehûs te Krefeld. Ein 1922 kaam Hendrik Douwes siik werom nei Nederlân.

Hendrik Douwes Lemstra ferstoar op 8 novimber 1922, yn 'e âldens fan 24 jier oan tuberkuloaze.

Prizen 1917 - Jong Nederlân 1e priis 1918 - PC 2e prijs 1919 - de Bond 3e prijs 1920 - de Bond 6e prijs

Kategory:Frysk keatser Kategory:Persoan berne yn 1898 Kategory:Persoan stoarn yn 1922 Kategory:Persoan berne yn Wytmarsum