Bijefretters (Merops) binne in skaai fûgelsoarten yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae). It binne slanke fûgels mei in lange, faak bûge, skerpe snaffel. De measte soarten komme yn Afrika foar, mar der binne ek soarten yn Súd- en East-Jeropa, yn grutte dielen fan Aazje en sels oant yn Nij-Guineä en Austraalje. In oantal soarten binne trekfûgels, lykas de gewoane bijefretter (Merops apiaster), dy’t simmerdeis yn Súd-Jeropa en ek yn Dútslân of Nederlân briedt en foar de oerwintering nei Afrika giet. Se binne kleurryk, faak mei kombinaasjes fan grien, blau, giel en readbrún. In soad soarten hawwe langere middelste sturtfearren. De measte soarten wurde likernôch 16 oant 30 sm lang.
Lykas de namme seit bestiet it iten benammen út ealjebijen, mar se frette ek oare stekkende ynsekten. Se fange fanôf in sitplak harren proai yn 'e flecht en witte betûft de giftige angel út de proai te heljen troch it ynsekt tsjin in hurde ûndergrûn te slaan en de angel der út te drukken of it gifsekje te leegjen. Bijefretters falle ek op troch harren sierlike flecht en it meitsjen fan skerpe bochten.
In soad bijefretters libje yn groepen en briede yn koloanjes. Se grave gatten yn iggen fan rivieren en steile sânklippen. Se kinne aardich wat leven meitsje en ûnder de flecht meitsje se hege ropkes. Bijefretters spylje in rol yn it lykwicht fan ynsektepopulaasjes.
In tal soarten binne trekfûgels, bygelyks de gewoane bijefretter (Merops apiaster). Se hawwe faak in foarkar foar iepen lânskippen: savannes, rivierflakten, iepen bosk of agrarysk gebiet mei steile rânen foar de nêsten.
Soarten It skaai telt 28 soarten:
Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status/Trend 175px Merops albicollis wytkielbijefretter Súd-Senegal oant Uganda. net bedrigestabylMerops albicollis op BirdLife International frameless|212x212px Merops americanus Filipynske bijefretter Filipinen net bedrigestabylMerops americanus op BirdLife International 175px Merops apiaster bijefretter Súd-Jeropa en dielen fan Noard-Afrika en West-Aazje. net bedrigestabylMerops apiaster op BirdLife International 175px Merops boehmi Böhms bijefretter Kongo-Kinsjasa, Malawy, Mozambyk, Tanzania, Sambia. net bedrigestabylMerops boehmi op BirdLife International 175px Merops breweri swartkopbijefretter Angoala, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Kongo-Kinsjasa, Kongo-Brazzaville, Ivoarkust, Gabon, Gana, Nigearia, Súd-Sûdan net bedrige25pxMerops breweri op BirdLife International 175pxMerops bullockoides wytkopbijefretter Afrika ûnder de evener. net bedrige25pxMerops bullockoides op BirdLife International 175px Merops bulocki readkielbijefretter Sûdan (regio) net bedrigestabylMerops bulocki op BirdLife International frameless|263x263px Merops cyanophrys Arabyske griene bijefretter Arabysk Skiereilân en de Levant net bedrige25pxMerops cyanophrys op BirdLife International 175px Merops gularis swarte bijefretter Tropyske reinwâlden fan Afrika net bedrige25pxMerops gularis op BirdLife International 175px Merops hirundineus swellesturtbijefretter Sub-Sahara Africa net bedrigestabylMerops hirundineus op BirdLife International 178x178px Merops lafresnayii Etiopyske bijefretter Eritreä; Etioopje; Súd-Sûdan; Sûdan net bedrigestabylMerops lafresnayii op BirdLife International 175px Merops leschenaulti brúnkopbijefretter Yndia eastlik nei Súdeast-Aazje. net bedrige25pxMerops leschenaulti op BirdLife International 175px Merops malimbicus rôze bijefretter Angoala, Benyn, Boerkina Faso, Kongo-Brazzaville, Kongo-Kinsjasa, Ivoarkust, Ekwatoriaal Guinee, Gabon, Gana, Nigearia, Togo. net bedrige25pxMerops apiaster op BirdLife International 175px Merops mentalis snorbijefretter Kameroen, Ivoarkust, Ekwatoriaal-Guinee, Gana, Guinee, Libearia, Nigearia, Sierra Leöane. hast bedrige25pxMerops mentalis op BirdLife International 175px Merops muelleri blaukopbijefretter Kameroen, Sinraal-Afrikaanske Republyk, Kongo-Kinsjasa, Kongo-Brazzaville, Gabon, Ekwatoriaal-Guinee, Kenia net bedrige25pxMerops muelleri op BirdLife International 175px Merops nubicus noardlike karmynbijefretter Benyn, Boerkina Faso, Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Tsjaad, Kongo-Kinsjasa, Ivoarkust, Eritreä, Etioopje, Gambia, Gana, Guinee, Guinee-Bissau, Kenia, Libearia, Maly, Mauretaanje, Niger, Nigearia, Senegal, Sierra Leöane, Somaalje, Sûdan, Tanzania, Togo, Uganda. net bedrige25pxMerops nubicus op BirdLife International 175px Merops nubicoides súdlike karmynbijefretter KwaZûlû-Natal, Namybje oant Gabon, easten fan Kongo-Kinsjasa, Kenia. net bedrige25pxMerops nubicus op BirdLife International 175px Merops oreobates berchbijefretter Berchwâlden fan 'e Albertine Rift en Eastafrikaanske berchtmes net bedrige?Merops oreobates op BirdLife International 175px Merops orientalis Aziatyske griene bijefretter Fan 'e kust fan Súd-Iran nei it easten troch Yndia oant Fjetnam. net bedrige25pxMerops orientalis op BirdLife International 175px Merops ornatus reinbôgebijefretter Austraalje, Nij Guineä en guon súdlike Yndonezyske eilannen. net bedrigestabylMerops ornatus op BirdLife International 175px Merops persicus Blauwangbijefretter Noard-Afrika, Midden-Easten fan East-Turkije oant Kazachstan en Yndia net bedrige25pxMerops persicus op BirdLife International 175px Merops philippinus blausturtbijefretter Súdeast-Aazje. net bedrigestabylMerops philippinus op BirdLife International 175px Merops pusillus Lytse bijefretter Sub-Sahara net bedrige25pxMerops pusillus op BirdLife International 175px Merops revoilii Somalyske bijefretter Etioopje, troch Somaalje nei noardlik en eastlik Kenia net bedrige25pxMerops revoilii op BirdLife International 175px Merops superciliosus Madagaskarbijefretter Angoala; Botswana; Boerûndy; Komoaren; Kongo-Kinsjasa; Dzjibûty; Eritreä; Etioopje; Kenia; Madagaskar; Malawy; Majot; Mozambyk; Namymbje, Rûanda; Somaalje; Súd-Sûdan; Sûdan; Tanzania; Uganda; Sambia; Simbabwe. net bedrigestabylMerops persicus op BirdLife International 175px Merops variegatus blauboarstbijefretter Angoala, Sambia, Tanzania, Uganda, Kongo-Kinsjasa, Nigearia, Kameroen net bedrigestabylMerops variegatus op BirdLife International 175px Merops viridis Maleiske bijefretter Súdeast Aazje. net bedrigestabylMerops viridis op BirdLife International1 175x175px Merops viridissimus Afrikaanske griene bijefretter Sub-Sahara fan Senegal, Gambia oant Etioopje; de delling fan 'e Nyl. net bedrige25pxMerops viridissimus op BirdLife International
Kategory:Bijefretterfûgel Kategory:Fûgelskaai