De rôze bijefretter (Merops malimbicus) is in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae).
Beskriuwing De folwoeksen fûgel is 22 oant 25 sm lang en hat in donkergrize foarholle en krún, in swart masker mei dêrûnder in wite streek en in wyt kin. De mantel is swart, de wjukken en rêch laaigriis en de romp bleker griis. De sturt is karmyn oergeand yn griis. De fûgel is fan 'e kiel nei de ûnderkant helder rôze en de ûndersturtdekfearren binne griis. De ûnderkant fan 'e flechtfearren en grutte sturtfearren binne glânzgjend swart. De snaffel is swart, it each readbrún en de poatsjes gielbrún. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen, jongen binne bleker.
Fersprieding Rôze bijefretters komt foar yn Angoala, Benyn, Boerkina Faso, Kongo-Brazzaville, Kongo-Kinsjasa, Ekwatoriaal-Guinee, Gabon, Gana, Nigearia en Togo.
Status De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt fan lokaal algemien oant net oanwêzich yn it ferspriedingsgebied neamd. Rôze bijefretters binne foar in part ôfhinklik fan bosk en oannommen wurdt dat yn it ferspriedingsgebiet in diel dêrfan ferdwynt. Dêrom wurdt oannommen dat de oantallen fan 'e fûgel tebekrinne. De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre op 'e Reade list.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bijefretter Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Togo