Bûnt is op it mêd fan kleur in patroan fan ôfwikseljende flakken fan wyt en in oare kleur. In bûnte kleur komt foar by beskate bisten yn 'e foarm fan pigmintearre plakken fan kleur ôfwiksele mei net-pigmintearre wite plakken op in ûndergrûn fan hier, fearren of skobben. As it dan om in patroan fan wite en swarte flakken giet, sprekt men fan swartbûnt. As it om in patroan fan wite en brune of readbrune flakken giet, wurdt it readbûnt neamd. Is it in patroan fan wyt, swart en brún, dat hjit sa'n bist in trijekleur.

Wat pigmintearre is en wat net, hinget ôf fan 'e migraasje fan melanoblasten (iere pigmintsellen) fan 'e neurale list nei keppele lokaasjes op 'e hûd oan 'e beide siden fan it iere embryo. It resultearjende patroan kin symmetrysk wêze as de út 'e melanoblasten fuortkommende melanosyten (pigmintsellen) op keppele lokaasjes oan 'e beide siden yn deselde mjitte tanimme. Mar as dat net sa is, wat faker foarkomt, wurdt it bûnte patroan asymmetrysk.

In bûnte kleur komt foar by hiel ferskillende bisten: domestisearre bisten lykas kij, skiep, geiten, bargen, hynders, hûnen en katten, mar ek beskate wylde fûgels, lykas de ekster (Pica pica) en walfiskeftigen lykas de orka (Orcinus orca).

De oantsjutting 'bûnt' kin ek ferwize nei in patroan op tekstyl, lykas handoeken, bûsdoeken, oerhimden, jurken, sokken of de flagge fan Noard-Brabân (it saneamde "Brabânsk Bûnt"). Ornaris giet it dan om in rútsjespatroan, wêrby't de wite en kleure flakken sekuer like grut binne. Mar ek bygelyks it alhiel net reguliere patroan fan in boerebûsdoek (read mei in swarte en wite tekening) wurdt wol oantsjut as "bûnt".

Kategory:Kleur Kategory:Biste-anatomy