De echte kriefûgels of echte kraaifûgels (wittenskiplike namme: Corvinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), it ûnderskift fan 'e sjongfûgels (Passeri), it tuskenskift fan 'e krie-eftigen (Corvides), de boppefamylje fan 'e echte krie-eftigen (Corvoidea) en de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae). Ta dizze kloft hearre 72 soarten, ferdield oer 8 skaaien. It skaai fan 'e krieën (Corvus) is mei 50 soarten fierwei it grutst.

Ta de echte kriefûgels hearre guon fûgelsoarten dy't yn Fryslân rûnom foarkomme, lykas de ka (Coloeus monedula), de swarte krie (Corvus corone), de roek (Corvus frugilegus), de ekster (Pica pica) en de houtekster (Garrulus glandarius). Ek de raven (Corvus corax), dy't mei in lingte fan 70 sm en in gewicht fan 11/2 kg ien fan 'e grutste leden fan it skift fan 'e moskeftigen is, heart ta dizze groep.

Klassifikaasje

ûnderfamylje echte kriefûgels (Corvinae) skaai akasiagaaien (Zavattariornis) akasiagaai (Zavattariornis stresemanni) skaai eksters (Pica) Amerikaanske ekster (Pica hudsonia) Asirekster (Pica asirensis) Easterske ekster (Pica serica) ekster (Pica pica) gielsnaffelekster (Pica nuttalli) Magrebekster (Pica mauritanica) swartstútekster (Pica bottanensis) skaai houteksters of gaaien (Garrulus) Amamihoutekster (Garrulus lidthi) houtekster (Garrulus glandarius) swartkophoutekster (Garrulus lanceolatus) skaai grûngaaien (Podoces) Mongoalske grûngaai (Podoces hendersoni) Perzyske grûngaai (Podoces pleskei) Toerkestaanske grûngaai (Podoces panderi) wytsturtgrûngaai (Podoces biddulphi) skaai kaën (Coloeus) Dauryske ka (Coloeus dauuricus) ka (Coloeus monedula) skaai krieën of kraaien (Corvus) Amerikaanske krie (Corvus brachyrhynchos) Australyske krie (Corvus orru) Australyske raven (Corvus coronoides) Banggaikrie (Corvus unicolor) Bismarckkrie (Corvus insularis) Bougainvillekrie (Corvus meeki) brúnkopkrie (Corvus fuscicapillus) brúnnekraven (Corvus ruficollis) bûnte Selebeskrie (Corvus typicus) eastlike oerwâldkrie (Corvus levaillantii) Etiopyske raven (Corvus edithae) Filipynske groubekkrie (Corvus philippinus) Filipynske lytse krie (Corvus samarensis) fioletkrie (Corvus violaceus) fiskkrie (Corvus ossifragus) Floareskrie (Corvus florensis) groubekkrie (Corvus macrorhynchos) groubekraven (Corvus crassirostris) halsbânkrie (Corvus torquatus) Hawaïkrie (Corvus hawaiiensis) Hispanjoalapalmkrie (Corvus palmarum) hûskrie (Corvus splendens) Yndyske oerwâldkrie (Corvus culminatus) Jamaikaanske krie (Corvus jamaicensis) Kaapske roek (Corvus capensis) Kubaanske krie (Corvus nasicus) Kubaanske palmkrie (Corvus minutus) lytse krie (Corvus bennetti) lytse raven (Corvus mellori) Marianenkrie (Corvus kubaryi) maskerraven (Corvus tristis) Meksikaanske krie (Corvus imparatus) Molukske krie of Molukkenkrie (Corvus validus) Palawankrie (Corvus pusillus) raven (Corvus corax) roek (Corvus frugilegus) Sierra-Madrekrie (Corvus sierramadrensis) Sinaloäkrie (Corvus sinaloae) skierroek (Corvus cornix) skyldraven (Corvus albus) Sûndakrie (Corvus enca) swarte krie of krie (Corvus corone) swarte Selebeskrie (Corvus celebensis) Tasmaanske raven (Corvus tasmanicus) waaiersturtraven (Corvus rhipidurus) wipsnaffelkrie (Corvus moneduloides) wytnekkrie (Corvus leucognaphalus) wytnekraven (Corvus albicollis) wytsnaffelkrie (Corvus woodfordi) woastynraven (Corvus cryptoleucus) skaai nutekreakers (Nucifraga) grize nutekreaker (Nucifraga columbiana) Kasjmiernutekreaker (Nucifraga multipunctata) nutekreaker (Nucifraga caryocatactes) súdlike nutekreaker (Nucifraga hemispila) skaai piapiaks (Ptilostomus) piapiak (Ptilostomus afer)

Kategory:Kriefûgel