De selskipwever (Philetairus socius) is in fûgel út de famylje weverfûgels (Ploceidae). It is iennige soarte fan it monotypyske skaai Philetairus

Beskriuwing thumb|left|Selskipwever yn it Tswalu Kalahari-reservaat (Súd-Afrika). De likernôch 13 sm lange fûgel hat in effen brune krún en is swart op it kin en op 'e kiel. De wangen en de ûnderkant fanôf it boarst binne krêmkleurich, wylst de flanken swart binne. De boppedielen ha brune fearren mei ljochte seamen. De wjukken en sturt binne brún mei bleke rânen oan 'e fearren. De fûgel hat in swarte oant laaiblauwe snaffel. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen yn it fearrekleed.

Jonge fûgels binne doffer en misse it swart op 'e kiel en flanken.

Fersprieding De selskipwever komt foar yn súdwestlik en súdlik Afrika (Namybje, Botswana en Súd-Afrika, útsein de provinsjes Noard-Kaap, Frijsteat en Noardwest). It habitat bestiet benammen út drûge gebieten of savannes mei bygelyks akasia's en oare beamsoarten, dêr't se de nêsten yn bouwe. Dêrmei is it ferspriedingsgebiet sterk oan 'e Kalahary-regio bûn.

De soarte wurdt beskôge as monotypysk – der binne gjin ûndersoarten erkend. Hâlden en dragen De fûgel is bysûnder troch syn mienskiplike nêstbou: se meitsje de grutste troch fûgels boude nêststruktueren op 'e wrâld, faak yn beamtoppen of op peallen. Dy fûgelflats biede ûnderkommen foar hûnderten selskipwevers en wurde oer generaasjes hinne útwreide. De fûgels binne mear bûn oan it plattelân mei beammen en peallen en boeregebieten en litte harren net yn stêden sjen.

It dieet bestiet út sied en ynsekten.

Status thumb|left|Nêsten oan elektrisiteitspeal. De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de populaasje is grut en wurdt op miljoenen rûsd. Der wurdt oannommen dat de populaasje stabyl en der is gjin bewiis fan grutte bedrigingen en tebekrinnen fan 'e populaasje. Lokaal kinne habitatferlies en ynteraksje mei de minske wol ynfloed hawwe op 'e ûntwikkeling fan 'e soarte. De fûgels bouwe bygelyks somtiden harren nêsten oan telefoan- of elektrisiteitspeallen, dy't troch minsken weihelle wurde. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.

Kategory:Selskipwever Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika