De readbekwever (Quelea quelea) is fûgel fan it skaai readbekwevers (Quelea) út de famylje weverfûgels (Ploceidae). De soarte wurdt as de talrykste wylde fûgelsoarte beskôge, mei in populaasje fan maksimaal oardel miljard fûgels.
Skaaimerken thumb|left|Mantsje mei in swart masker. De fûgel wurdt likernôch 12 sintimeter lang, weaget 15 oant 26 gram en is like grut as in mosk. Se ha in relatyf koarte sturt en yn it briedseizoen hat it mantsje in reade snaffel en in donker masker. De koptekening fan it mantsje is by de nominaatfoarm tige fariabel; it masker kin swart, mar ek poarperkleurich of krêmkleurich wêze en ek de kleur om it masker hinne oant op it boarst kin tige ferskille fan striegiel, striebrún oant rôze. De iris is brún en om it each is in smelle reade eachring. De fearren fan 'e boppedielen en wjukken binne donkerbrún mei ljochte seamen. De ûnder fan 'e fûgel is ljocht.
Bûten it briedseizoen is it mantsje lykas it wyfke sânbrún mei streken op 'e rêch. It mantsje hat in reade snaffel; dy fan it wyfke is bytiden rôze. De poatsjes binne oranje.
Fersprieding De soarte bestiet út trije ûndersoarten:
Quelea quelea quelea: fan Mauretaanje, Senegal en Gambia oant it súdlike part fan Sintraal-Tsjaad en de noardlike Sintraal-Afrikaanske Republyk. Quelea quelea aethiopica: fan Sûdan oant Somaalje, noardeastlik Sambia en Tanzania. Quelea quelea lathamii: fan Gabon, Kongo-Brazzaville en Angoala tot Malawy en Mozambyk en súdlik Súd-Afrika.
It habitat bestiet út savannes en lânbougrûn, meast yn leechlân of oant 1500 boppe de seespegel. It binne meast stânfûgels, mar se kinne harren massaal oer hûnderten of sels tûzenen kilometers ferpleatse. Se geane dan nei gebieten mei rein, dêr't it gers sied begjint te dragen.
Hâlden en dragen thumb|left|Groep readbekwevers. De fûgels libje yn groepen en foarmje grutte kloften dy't meiïnoar foerazjearje en twaris op in dei it wetter opsykje om te drinken. Op jûntiiid foarmje se foar de nacht grutte formaasjes It wichtichste iten foarmet sied, mar se ite ek blêd fan planten. Dêrnjonken wurde der yn 'e briedtiid ynsekten iten.
It brieden wurdt yn koloanjes dien. Mantsjes weve in sterk nêst yn 'e beam mei in lytse tagong. Se lizze twa oant trije aaikes, dy't nei 12 dagen útkomme. De jongen wurde troch beide âlders grutbrocht mei ynsekten en se fleane nei 12 oant 14 dagen út. Wyfkes kinne faker yn 't jier briede.
Status It is net bekend hoe grut de wrâldpopulaasje is, mar de fûgel is ien fan 'e meast foarkommende fûgelsoarten fan 'e wrâld. Oannommen wurdt dat de oantallen stabyl binne om't de soarte meardere kearen briede kin. Dêrfandinne wurdt de readbekwever as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre.
Bedrigingen foarmje de boeren, dy't de fûgels mei gif en fjoer bestride. Ek wurde miljoenen fûgels foar de konsumpsje fongen. Yn 'e briedtiid wurde de nêsten leechrôve troch slangen, apen, mangoesten en predators.
Kategory:Readbekwever Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe