De moskwevers (Plocepasser) foarmje in fûgelskaai fan sjongfûgels út de famylje weverfûgels (Ploceidae).

Moskwevers binne middelgrutte Afrikaanske fûgels en wurde tusken de 15 en 20 cm lang. Se ha gjin opfallende kleuren lykas de wevers yn it skaai Ploceus en de fearren binne fral brún oant readbrún mei in karakteristike tekening op it gesicht. Se ha in koarte, krêftige snaffel om sied mei te iten.

Se komme yn drûge, iepen gebieten foar lykas savannes, by boskrânen en de semy-aride kriten fan eastlik en súdlik Afrika. Se libje meast op 'e grûn of yn ûndergroei. Moskwevers binne sosjale fûgels en foarmje faak groepen of koloanjes.

De typesoarte fan it skaai is de wytbraumoskwever (Plocepasser mahali).

Soarten Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status/Trend 120px Plocepasser donaldsoni kastanjekopmoskwever Etioopje, Kenia, Somaalje hast bedrigestabylPlocepasser donaldsoni op BirdLife International 120px Plocepasser mahali wytbraumoskwever noardlik Súd-Afrika, Botswana, noardlik en sintraal Namybje, westlik Simbabwe net bedrigestabylPlocepasser mahali op BirdLife International 120px Plocepasser rufoscapulatus brúnrêchmoskwever Angoala, Kongo-Kinsjasa, Malawy en Sambia net bedrigestabylPlocepasser rufoscapulatus op BirdLife International 120px Plocepasser superciliosus brúnkopmoskwever Benyn, Boerkina Faso, Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Tsjaad, Kongo-Kinsjasa, Ivoarkust, Eritreä, Etioopje, Gambia, Gana, Guinee, Guinee-Bissau, Kenia, Maly, Niger, Nigearia, Senegal, Súd-Sûdan, Sûdan, Togo, Uganda. net bedrigestabylPlocepasser superciliosus op BirdLife International

Kategory:Weverfûgel Kategory:Fûgelskaai