De wytbraumoskwever (Plocepasser mahali) is in fûgel yn it skaai moskwevers (Plocepasser) út de famylje weverfûgels (Ploceidae).
Beskriuwing thumb|left|Wytbraumoskwever. De soarte wurdt likernôch 18 sm lang en hat in foar it skaai karakteristike wite wynbrau. Yn 'e flecht binne de wite stút en wite boppesturtdekfearren goed te sjen. Ek de wite fearren yn 'e wjukken falle yn 'e flecht op.
De ferskillen tusken mantjes en wyfkes foarmje fral it grutter kontrast yn kleuren by mantsjes. Oer it generaal binne wyfkes ljochter en mear effen fan kleur. Wylst it mantsje in swarte snaffel hat, is de snaffel fan it wyfke hoarnkleurich oant ljochtgriis; dy fan in jonge fûgel is rôzebrún.
Fersprieding Der wurde fjouwer ûndersoarten ûnderskieden:
Plocepasser mahali melanorhynchus: súdeastlik Sûdan, noardlik Uganda, it súdlik part fan Sintraal-Etioopje, Kenia. Plocepasser mahali pectoralis: Tanzania, súdlik Malawy, súdlik en eastlik Sambia, westlik Mozambyk, noardlik Simbabwe, noardlik Botswana. Plocepasser mahali ansorgei: súdwestlik Angoala, noardwestlik Namybje. Plocepasser mahali mahali: súdlik Namybje, súdlik Botswana, súdwestlik Simbabwe, noardlik en sintraal Súd-Afrika.
Hâlden en dragen thumb|left|Nêsten. De soarte briedt yn lytse koloanjes. De nêsten binne bolfoarmich en makke fan gers en tûkjes.
Status De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt omskreaun as gewoan oant talryk. Der wurdt oannommen dat de populaasje stabyl en der is gjin bewiis fan grutte bedrigingen en tebekrinnen fan 'e populaasje. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrfandinne as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list.
Kategory:Moskwever Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda