De tsjerke fan Bedekaspel is in tsjerkegebou op in terp (warft) yn it Eastfryske doarp Bedekaspel yn 'e dielsteat Nedersaksen. It is de iennige grifformearde tsjerke yn de fierder lutherske gemeente Südbrookmerland.
Skiednis thumb|left|Ynterieur. Yn 'e midsiuwen hearde it plak by it bisdom Múnster. Oarspronklik foel it Brokmerlân ûnder de proasdei Hinte, mar in pear gemeenten waarden nei spul mei de biskop yn 1250 fuort ûnder syn rjochtsfikaris set en Bedekaspel folge mei in pear oare plakken letter ek. Yn it ramt fan 'e reformaasje gie de gemeente op it kalvinisme oer.
Yn 'e 13e iuw waard in krústsjerke fan bakstien boud, dêr't allinnich de goatyske westlike toer fan oerbleau. Mei de Krystfloed fan 1717 waard de tsjerke sa slim skansearre, dat it gebou yn 1726 ôfbrutsen en ferfongen wurde moast. Ek de westlike muorre fan 'e trijelidde toer waard doe fernijd. Yn 1728 koe de nijbou wer yn gebrûk nommen wurde. Oare stoarmrampen yn 'e 18e iuw laten yn 1768 ta in gedieltelike ôfbraak en ferbouwing fan 'e tsjerke mei in leger sealtek.
Oan 'e eastlike gevel is in ferbining te sjen mei in heger tek en yn 'e súdlike muorre is de tagong ta it tsjerkegebou. It skip hat fjouwer traveeën sûnder steunbearen. Elk travee hat in rûnbôgefinster en yn 'e eastlike gevel sitte twa rûnbôgefinsters. Ferskate muorreankers binne oan 'e muorren fan it skip en de toer fêstmakke.
Ynrjochting De tsjerke hat in houten tonferwulft dat ljochtblau skildere is. Oan 'e noardlike kant is in epitaaf oanbrocht, dat de fallen soldaten yn 'e Earste Wrâldkriich betinkt. De preekstoel mei it klankboerd is it âldste stik tsjerkemeubilêr en stamt út 1653 út de foargonger fan 'e hjoeddeiske tsjerke. Oan 'e eastlike kant stiet de kreake mei it oargel. Dêrûnder steane in stik of wat grêfstiennen, wêrfan't ien út 1596 is.
Oargel thumb|left|Oargel. It earste oargel waard yn 1869 troch de bruorren Rohlfs út Esens mei seis registers op ien manuaal en oanhongen pedaal boud. Fanwegen de kosten moast Rohls fan ferskillend besteand materiaal út 'e opslacht in oargel gearstalle en oars as syn oargels yn Rorichum (1867-1869) en Cirkwehrum (1877-1879) ferwurke hy it materiaal op in rûge wize. Op ien register nei, dat nei de Earste Wrâldkriich tafoege waard, binne al registers fan Rohls bewarre bleaun. Yn 1999 folge in restauraasje troch Bartelt Immer.
Keppeling om utens Orgelsite: disposysje oargel.
Kategory:Bouwurk yn Südbrookmerland Kategory:Tsjerkegebou yn East-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk út 1728 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Dútslân