thumb|Jantjemoi op jierren foar har hûs op in printsjekaart út 1908 thumb|Jantjemoi om 1900 hinne thumb|Jantjemoi foar har hûs op in printsjekaart út 1905 Jantje Wilms Brinkmann, ornaris Jantjemöh, of ek wol Jantjemoy, Jantjemoi, Jantjemöj of Jantjemö skreaun, dêr't it efterheaksel de Eastfryske fariant fan de Westerlauwersk Fryske efterheaksel "-muoi" fan is, neamd (Spetzerfehn, 15 oktober 1803 - Felde, 25 novimber 1908) wie in Eastfriezinne dy't ûnder earme omstannichheden libbe en 105 jier âld waard. Om de iuwwikseling hinne krige se as âldste Eastfries jierrenlang lanlike bekendheid. Hja waard op printsjekaarten ôfbylde en sels oersee stjoerd.Hans-Georg Boyken: Wo sind sie geblieben? : Ostfriesen in Amerika = Where did they stay? : East Frisians in America. Boyken & Boyken Partners, Bancroft, Iowa 1988, ISBN 0-9670802-1-5, S. 168. Dêrtroch binne der in foto's fan har bewarre bleaun. Ek hat se yn har Eastfrysk Plat op fonograafrollen ynsprutsen. Hja gou as de personifikaasje fan it Eastfryskens en it teegeniet by útstek. Yn de 1930-er jierren makke in Eastfryske teefabryk Jantjemöh dêrom ta in reklame-ikoan.Johann Haddinga: Das Buch vom ostfriesischen Humor. Band 3. Leer 1992. S. 40
Libbensrin Jantje waard op 15 oktober 1803 berne yn Spetzerfehn as famke fan de yn earmoedige omstannichheden libjende turfskipper Wilm Janssen Brinkmann en syn frou Gretje, berne Tomsen (Clöver).Heinz Saathoff: Jantjemöh. Yn: Uplengen Blattje. Utjefte 36 fam novimber 2012 Hja hie seis bruorren en susters. Oer har jonge jierren is net in soad bekend. Dêr is oerlevere dat se ienris de boat fan har heit yn Emden ophelje moast. Wilm Janssen Brinkmann hie earder mei oare skippers besocht it kontinintaal stelsel út de wei te gean waard dêrnei troch de Frânske besetters arrestearre en waard tegearre mei oare skippers yn 'e Frânske marine ynlive.Jürgen Adams: Jantjemöh. Yn: Mein Wiesmoor. Das Stadtmagazin. Utjefte 27 fan april/maaie 2020. S. 19–20
Op 7 novimber 1834 boaske se yn Aurich-Oldendorf Balze Janssen Saathoff (1807-1900), in kolonist út Zwischenbergen. Mei har man ferhuze se nei in spitkeet oan 'e râne fan 'e sompe by Voßbarg, mar in pear kilometer fan har âlderlik hûs.Wie eine 100-jährige Ostfriesin zur Werbefigur wurde - Bremen Zwei. Argivearre op 18 novimber 2020; oproppen op 15 augustus 2024. Dy spitkeet bestie út turf, liem en reid en wie likernôch tsien passen lang en fjouwer passen breed. It pear krige seis bern: Gretje Margaretha Blazen (berne 1831), Margaretha Balzen (berne 1832), Gretje Balzen Saathoff (berne 1838), Johanna Balzen Saathoff (berne 1842), Jann Balzen Saathoff (berne 1845) en Wilm Balzen (berne 1848, ferstoar yn 'e âldes fan 6 jier). De húshâlding makke syn bestean fan in lytse pleats en turfstekken. Dêrnjonken makken se biezems fan feanheide en bjintegers, dy't se yn de omlizzende boeredoarpen ferkochten. Nei alle gedachten waard de húshâlding ek troch de tsjerke ûnderstipe. Yn 'e rin fan 'e 19e iuw like it dêr op dat de húshâlding ferhuze hie. De earste trije bern waarden in Voßbarg berne, de lettere trije yn Zwischenbergen. Nettsjinsteande dat se yn earmoede libben libben Jantje en har man in lang libben. Nei't har man op 16 febrewaris 1900 yn 'e âldens fan 93 jier ferstoar, ferhuze Jantje werom nei de pleats yn Voßbarg, dêr't se ûnder earmoedige omstannichheden libjen bleau fan de skeamele opbringsten fan har pleatske, ynsidintele donaasjes fan doarpsbewenners of stipe fan famyljeleden.
Doe't se yn 1903 hûndert jier waard, stjoerde de lânkringskommissaris fan Auwerk in felisitaasjetelegram. Yn it doarp waard it mei in grut feest fierd. Sjoernalisten waarden gewaar fan har en begûnen oer har te skriuwen. It âld frommeske hat nea slim siik west. Doe't der nei har hege jierren frege waard, swarde se by tee. Har teetsjettel dy't boppe it iepen heirdfjoer hong, waard nea kâld. Der waarden foto's fan har makke en op printsjekaarten printe, ynearsten yn 'e omkriten, mar letter ek fier dêr bûten lykas yn Hamboarch en Frankfurt. As âldste Eastfryske kolonistefrommes waard har ôfbyld "Groetnisse út East-Fryslân" de wrâld yn stjoerd. Hja stie stal fan it Eastfryske karakter en it genietsjen fan tee.<ref>Johann Haddinga: Das Buch vom ostfriesischen Tee. Twadde oplaach Verlag Schuster, Lier 1986, ISBN 3-7963-0237-8, S. 157 f.</ref> De printsjekaarten waarden ferskate kearen fannijs útjûn. Dêrby waard har âldens by neamd lykas "Yn it 102e jier, noch libjend" of "Jantjemoy yn it 104e jier, noch yn libben. Natoerfoto út East-Fryslân". Dy printsjekaarten waarden ek nei Noard-Amearika stjoerd. Boppedat hat se mei har hurde, âlde dialekt op fonograafrollen ynsprutsen.Vossbarg. Oproppen op 23 febewaris 2021.
Jantje hat dêr neat oan fertsjinne. Hja bleau yn earnstige earmoedige omstannichheden libjen. Hja hie in grut neiteam. Op in foto dy't op har 103e jierdei nommen waard, binne om de frou op jierren likernôch 50 famyljeleden te sjen. Om 1906 hinne ferhuze se nei har soan yn Felde, dêr't se op 25 novimber 1908 ferstoar. Hja waard op it tsjerkhôf by de tsjerke fan Holtrop begroeven.
Yn de 1930-er jierren waard Jantjemoy fannijs ferneamd doe't in Eastfrysk teebedriuw omtinken krige foar har libbensferhaal, gebrûk makke fan har populêrens en har ta in reklame-ikoan makke. Dêrfoar makke it bedriuw fan ien fan de bewarre printsjekaarten foar de reklameslogan: "Wolle jo hûndert jier wurde, frij fan sykte en krupsje, ryklik lokkich it grêf yngean, dan meie jo, kreksa as har, allinnch tee drinke".
Keppeling om utens Moorkolonistin „Jantjemöh“. Yn: Düt un dat op Platt''. Plattdeutsches Magazin - Mei Ilka Brüggemann fan 23 oktober 2020
Kategory:Eastfrysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1803 Kategory:Persoan stoarn yn 1908