It Nederlânsk Earebegraafplak Hamburch (Niederländische Kriegsgräberstätte Hamburg) is in earefjild dat part is fan it Friedhof Ohlsdorf yn it stedsdiel Ohlsdorf yn Hamburch yn Dútslân. It leit yn'e buert fan de eastlike yngong fan it hôf (Bramfeld, Bramfelder Chaussee).

Der binne dêr grêven fan slachtoffers fan konsintraasjekampen en fan twangarbeid en Arbeitseinsatz fan Hamburch en omkriten. It earefjild hat trijehûndert grêven fan Nederlânske oarlochsslachtoffers dy't omkamen yn Dútske konsintraasjekampen. Ek steane der op it earefjild trije tinkstiennen mei dêrop de nammen fan hûndert Nederlânske slachtoffers dy't omkaam binne yn konsintraasjekampen mar wêrfan't net bekend is wêr't se no binne. Der bestiet in nammelist fan Nederlânske slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch op it Earebegraafplak Hamburch.

It monumint is in fariant fan it 'Monument fallende man' fan Cor van Kralingen foar de slachtoffers fan it konsintraasjekamp Neuengamme.

Keppelingen om utens Register fan slachtoffers beïerdige op it Nederlânske Earefjild Hamburg

Kategory:Earebegraafplak yn Dútslân