thumb|150px|In FEK-duit (1735) De duit wie tusken 1573 en 1816 in lytse munt in Nederlân. (Nei dy desimalisaasje wie er strikt naam noch jildich oant 1821.) De earste duiten waarden slein yn Hollân, mei rillegau neifolging in de oare parten fan it lân.

Wearde De duit wie de alderlytste hiele munt, de helte fan in oartsen. Oarsom wie wier de alderlytste munt de heale duit. Twa heale duiten wienen in duit. Twa duiten wienen in oartsen. Fjouwer oartsen wienen in stoer. Tweintich stuorren wienen in gûne.

Ut dy ferhâldings blykt wol dat om 1800 hinne, in duit net mear wie as in 160-ste fan in gûne. Fandêre fan dy siswizen oer dat men meidwaan wol mar net wier jild ynleit, as dat men sels net in duit mear tafoegje kin.

Eastynje Bysûnder wie dat de Feriene Eastyndyske Kompanjy yn Eastynje ek "duiten" hie, mar dat dy in oartsen wienen. Ta ûnderskie waard op dy munten dúdlik oanjûn dat dy oars wienen as de Jeropeeske munten.

Kategory:Munt