It fûgelskaai readbekwevers (Quelea) heart ta de famylje fan 'e weverfûgels (Ploceidae).

It skaai bestiet út lytse fûgelsoarten fan 10 oant 14 sm lang. Se komme yn Afrika ûnder de Sahara foar. Mantsjes hawwe faak in opfallend reade of readoranje snaffel en yn 'e briedtiid somtiden reade kopkes. Wyfkes binne mear gielgrien of brún.

Se komme somtiden op savannes yn ûnbidich grutte kloften fan wol miljoenen fûgels tagelyk foar en kinne in pleach foar de lânbou wêze. De bekendste soarte, de readbekwever, wurdt wol de meast foarkommende fûgel fan 'e wrâld neamd.

Soarten It skaai bestiet út trije soarten: Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status/Trend 120px Kardinaalwever Quelea cardinalis Boerûndy, Kongo-Kinsjasa, Etioopje, Kenia, Malawy, Rûanda, Súd-Sûdan, Tanzania, Uganda, Sambia 200pxstabylQuelea cardinalis op BirdLife International 120px readbekwever Quelea quelea Afrika ûnder de Sahara, ûntbrekt op Madagaskar en yn reinwâlden, hege berchtmes en de súdkust fan Súd-Afrika 200pxstabylQuelea quelea op BirdLife International 120px readkopkweleä Quelea erythrops Ferskillende ferspriedingsgebieten yn Afrika besuden de Sahara 200pxstabylQuelea erythrops op BirdLife International

Kategory:Weverfûgel Kategory:Fûgelskaai