Anne Minnema (Dantumawâld, 7 maart 1910 - Neuengamme, Dútslân, 23 febrewaris 1945) wie in aktyf keatser tusken 1929 en 1938. Hy helle 15 punten foar it ivich keatsklassemint en wûn twa kear in wedstriid.

Minnema wie yn syn deistich libben amtner, yn de Twadde Wrâldkriich gie er by it ferset. Op 28 desimber 1944 waard er oppakt troch de Dútsers en fia de Ljouwerter finzenis oerbrocht nei it Scholtenhûs yn Grins. Ut Grins wei bedarre er yn konsintraasjekamp Neuengamme by Hamburch. Dêr ferstoar er op 23 febrewaris 1945 yn 'e âldens fan 34 jier. Minnema waard nei de kriich begroeven op it Nederlânske Earebegraafplak Hamburch.

Prizen 1932 - de Bond 7e priis

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk keatser Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1945 Kategory:Persoan berne yn Dantumawâld Kategory:Persoan omkommen yn Neuengamme