Bauke Scheffer (Wytmarsum, 8 juny 1938 - 2 juny 1967) wie in aktyf keatser tusken 1959 en 1965. Hy helle 13 punten foar it ivich keatsklassemint en wûn twa kear in wedstriid.
Scheffer ferûngelokke op 2 juny 1967 yn 'e âldens fan 28 jier op it wurkeilân Lauwerssee nei't syn boat út in kraan fallen wie, dêr't er de boat yn hyst hie om in stik tried út 'e skroef fan de motor te heljen. V.V. ROPTA-BOYS DANKT HAAR OPRICHTING MEDE AAN DE LAUWERSZEEWERKEN.31 oktober 2017
Scheffer wie ien fan de oprjochters fan fuotbalklup Ropta Boys. Simone Scheffer fan Omrop Fryslân is syn dochter.
Prizen 1956 Jong Nederlân / NK junioaren 2e priis 1958 Jong Nederlân / NK junioaren 2e priis 1960 Bûnspartij foar senioaren / NK 5e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:Persoan berne yn Wytmarsum Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 1967