De Filipynske boskrôt (wittenskiplike namme: Rattus everetti) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist is endemysk yn 'e Filipinen, dêr't er yn it grutste part fan it lân foarkomt. It is in grutte rôt, dy't nachts aktyf is en in omnivoar dieet hat. De IUCN klassifisearret de Filipynske boskrôt as net bedrige.

Taksonomy De Filipynske boskrôt waard foar it earst yn 1879 wittenskiplik beskreaun troch de Dútske soölooch Albert Günther. It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme Rattus everetti is in earbetoan oan 'e Britske koloniaal bestjoerder en soölogysk gearfandelder Alfred Hart Everett.

De Filipynske boskrôt kin net yndield wurde by ien fan 'e bekende ûndergroepen fan it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). In ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan ferskate rottesoarten hie as útkomst dat de Filipynske boskrôt òf in tige argayske, oarspronklike rottesoarte is, òf nauwer besibbe is mei oare skaaien út 'e ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae), lykas de langpoatrotten (Tarsomys) of de Filipynske berchrotten (Limnomys). It kin net útsletten wurde dat de Filipynske boskrôt yn 'e takomst noch ris by in oar skaai yndield wurde sil.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e Filipynske boskrôt wreidet him yn 'e Filipinen oer it grutste part fan 'e arsjipel út. Dizze soarte komt foar op 'e haadeilannen Luzon, Mindoro, Samar, Leyte, Bohol en Mindanao, en hy komt ek foar yn it westlike diel fan Panay. Lytsere eilannen dêr't de Filipynske boskrôt libbet, binne: Catanduanes, Marinduque, Burias, Sibuyan, Biliran, Dinarget, Siargao, Camiguin en Basilan. Dit bist ûntbrekt lykwols op Negros, Cebu, Masbate, Palawan en oanbuorjende lytsere eilannen, de Sulu-eilannen (útsein Basilan) en de Polillo-eilannen.

Uterlike skaaimerken De Filipynske boskrôt is in grut lid fan it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 17,7–26,9 sm, mei in sturtlingte fan 21,1–25,7 sm en in gewicht fan 170–490 g. De efterpoaten mjitte 4,0–5,3 sm en de earen binne 2,2–3,0 sm lang. De boppekant fan it lichem is oerdutsen mei in rûge brune pels, dy't dûnkerder liket om't der swarte hierren trochhinne sitte. Op it boarst en de bealch hat de pels in witige kleur, soms mei plakken dy't nei giel of oranje útskaaie. De sturt, dy't langer is as de kop en de romp mei-inoar, is deun by it lichem dûnker fan kleur, mar de lêste 50–20% nei de sturtpunt ta is wyt. It wyfke hat fjouwer pear oeren.

Biotoop De Filipynske boskrôt is in bewenner fan tropysk reinwâld, mangrovewâld en berchwâld. Dêrwei besiket er op nachtlike foerazjeartochten ek oanbuorjende biotopen sûnder beammen, salang't dêr mar strewelleguod of in oare foarm fan opgeande fegetaasje is om yn gefal fan gefaar beskûl ûnder te sykjen. Yn berchtmen komt de Filipynske boskrôt foar oant op in hichte fan 2.400 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen Filipynske boskrotten binne nachtdieren, dy't oerdeis foar it meastepart rêst hâlde. Hoewol't se almeast op 'e grûn libje, kinne se goed klimme en ûnderfine se gjin swierrichheden as se by it foerazjearjen de beam yn moatte.

De Filipynske boskrôt hat gjin fêste peartiid, mar stiet bekend om syn oerfloedige fuortplanting, dy't it hiele jier rûn trochgiet. De draachtiid is likernôch 21 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan 6–20 jongen smyt. Dy wurde blyn en helpleas berne, mar ûntjouwe har tige fluch. Mei 5–8 wiken binne se geslachtsryp. De libbensferwachting is net alhiel dúdlik by dizze soarte, mar der wurdt ornearre dat it meastepart fan 'e Filipynske boskrotten noch gjin jier âld wurdt.

Fretten De Filipynske boskrôt is in omnivoar, dy't benamme sieden, fruchten en wringeleas dierte fret.

Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Filipynske boskrôt binne ferkate soarten slangen en ûlen.

Status De Filipynske boskrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Besibbe rottesoarten dy't troch de minske yn 'e Filipinen yntrodusearre binne as eksoat, lykas de brune rôt (Rattus norvegicus), de swarte rôt (Rattus rattus), de Aziatyske swarte rôt (Rattus tanezumi) en de Polynezyske rôt (Rattus exulans), binne yn direkte konkurrinsje net tsjin 'e Filipynske boskrôt opwoeksen.

Undersoarten De Filipynske boskrôt is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten ekend wurde.

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Echte rôt Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen