Aurich-Oldendorf (Eastfrysk Plat: Auerk-Ollendörp)Oostfräisk Woordenbauk:Aurich-Oldendorf is in doarp yn 'e gemeente Großefehn yn Eastfryslân yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. It doarp hat 1.603 ynwenners (2022).
Geografy De himrik fan it doarp beslacht 2.059 hektare. It hat in lingte fan 13 kilomete yn east-westlike rjochting. Aurich-Oldendorf leit op in geastrêch op in hichte fan 4 oant 5 meter boppe seenivo oan 'e súdrâne fan in mei âlde plaggen bedutsen eilân fan brune grûn dat oant 8 meter heech is en omkrongen wurdt troch heech- en leechfean.Siegfried Lüderitz: Aurich-Oldendorf, Gemeinde Großefehn, Landkreis Aurich (PDF; 968 kB), oproppen op 15 april 2013.
Namme Aurich-Oldendorf is gjin dielgemeente fan Auwerk (Aurich), sa't de namme tinken docht.
Yn in oarkonde fan it kleaster Aland fan 7 septimber 1431 waard Aurich-Oldendorf foar it earst neamd as Aldathorp. Dy oarkonde giet oer it bemachtigje fan grûn fan it kleaster yn 'e Leybocht. Letter waard it plak Oldenthorpe (1454) of Oldendorf vor der Spetze neamd.Otto G. Houtrouw: Ostfriesland. Eine geschichtlich - ortskundige Wanderung gegen Ende der Fürstenzeit. 2. Bände. Dunkmann, Auwerk 1889/1891. De namme bestjut "âld doarp". Sûnt de 18e iuw wurdt ta ûnderskied fan doapren meideselde namme yn East-Fryslân de tafoeging Aurich- brûkt.
Skiednis Fynsten hawwe oanwêzigens fan minsken yn 'e brûnstiid oanwiisd. Der is lykwols gjin bewiis foar algeduerigen bewenning. Yn 'e midsiuwen, yn 'e snuorje fan 'e Fryske Frijheid, hearde it doarp ta de Hooge Loogen en wie it part fan it Auwerkerlân. Yn de 13e iuw boude haadling Ubbo Hadden in boarch, dêr't om 1725 allinnich noch oerbliuwsels fan oer wiene.Dettmar Coldewey: Frisia Orientalis. Daten zur Geschichte des Landes zwischen Ems und Jade. Lohse-Eissing, Wilhelmshaven 1976, ISBN 3-920602-13-7. De pleatslike ienskippige tsjerke waard nei alle gedachten tusken 1270 en 1280 booud en waard wijd oan Sint-Piter of Sint-Jabik. Yn 'e 19e iuw wie in grut part fan 'e befolking tige earm. Dat late ta in emigraasjeweach. Tusken 1852 en 1913 ferfearen op syn minst 78 persoanen en húshâldings. It wiene benammen jonge, gjin erfgenamten fan boeren, kolonisten en ambachtslju dy't ferfearen, benammen neu de Feriene Steaten en dan benammen yn Teksas.
Op 1 july 1972 waard de doetiidske gemeente Aurich-Oldendorf tafoege oan de nije gemeente Großefehn.Statistisches Bundesamt (Hrsg.): Historisches Gemeindeverzeichnis für die Bundesrepublik Deutschland. Namens-, Grenz- und Schlüsselnummernänderungen bei Gemeinden, Kreisen und Regierungsbezirken vom 27. 5. 1970 bis 31. 12. 1982. W. Kohlhammer GmbH, Stuttgart/Mainz 1983, ISBN 3-17-003263-1, S. 261.
Keppeling om utens Beskriuwing fan Aurich-Oldendorf yn 'e histoaryske doarpedatabank fan it Ostfriesische Landschaft
Kategory:Großefehn Kategory:Plak yn Auwerk (distrikt)