Akelsbarg (Eastfrysk Plat: Akkelsbaarğ)Oostfräisk Woordenbauk:Akelsbarg is in doarp yn it uterste noarden fan 'e gemeente Großefehn yn Eastfryslân yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. It doarp hat 525 ynwenners (2022).
Skiednis Yn 1787 krige kolonist Hinrich Hinrichs Jauken út Felde trije deimêd "lân út 'e wyldernis" oan 'e hjoeddeistige grins mei Holtrop yn erfpacht om it te bewurkjen.Dorfgemeinschaft Akelsbarg: Jubiläums-Festschrift 222 Jahre Akelsbarg 1787-2009
Om 1870 hinne waard by it turfstekken, op de grins fan Felde en Akelsbarg, in saneamde Spetze, in plankewei troch de sompe hinne, bleatlein. Dy plankewei ferbûn it Auwerkerlân mei it Friedeburgerlân. De dyk soe oer Tunge by de Wiesedermar en Barkebusch nei Wiesede rûn hawwe.Generalsuperintendent Bartels: Der Pfahldamm im Wrissemer Hammrich, yn 't jierboek fan it Selskip foar byldzjende Keunst en heitelânske âlderdommen, Emden 1872
Ynearsten hearde de koloanje Akelsbarg ta de gemeente Felde en ta de karspel Holtrop. Op 1 july 1912 waard de koloanje Akelsbarg ôfskaat fan Felde en polityk selsstannich as de gemeente Akelsbarg.
Yn 1870 krige Akelsbarg in eigen skoalle. Mei de gemeentlike weryndieling, dy't op 1 july 1972 fan krêft waard, waard Akelsbarg opnommen yn 'e gemeente Großefehn.Statistisches Bundesamt (Hrsg.): Historisches Gemeindeverzeichnis für die Bundesrepublik Deutschland. Namens-, Grenz- und Schlüsselnummernänderungen bei Gemeinden, Kreisen und Regierungsbezirken vom 27. 5. 1970 bis 31. 12. 1982. W. Kohlhammer GmbH, Stuttgart/Mainz 1983, ISBN 3-17-003263-1, S. 261. It skoalgebou tsjinnet sûnt 1978 as doarpshûs. Ek is yn it eardere skoalgebou de pleatslike brânwacht Akelsbarg-Felde-Wrisse fan d efrijwillige brânwacht Großefehn húsmanne.
Keppeling om utens Beskriuwing fan Akelsbarg yn 'e histoaryske doarpedatabank fan it Ostfriesische Landschaft
Kategory:Großefehn Kategory:Plak yn Auwerk (distrikt)