Fjoerwevers of widafinken (Euplectes) foarmje in fûgelskaai út de famylje weverfûgels (Ploceidae). De wittenskiplik namme fan it skaai is foar it earst publisearre yn 1829 troch de Brit William Swainson.

It skaai libbet súdlik fan 'e Sahara oer it grut gebiet fan Senegal oant Súd-Afrika, mar net op Madagaskar. It biotoop fan it skaai bestiet út iepen savannes, gerslân, rûge gebieten en rânen fan lânbougebieten. Se ite benammen gerssied, mar yn 'e briedtiid ek ynsekten. Mantsjes binne yn it prachtkleed spektakulêr mei felle kleuren (read, goudgiel, oranje of swart). In pear soarten ha ek in tige lange sturt. Bûten de briedtiid binne de mantsjes lykas de wyfkes ûnopfallend en brún.

De typesoarte fan it skaai is de súdlike fjoerwever (Euplectes orix).

Soarten Der wurde 18 soarten erkend: Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Trend 120px berchwever Euplectes psammacromius Noardeast-Sambia, Noard-Malawy en de heechlannen fan Súdwest Tanzania stabyl Euplectes psammacromius op BirdLife 120px diadeemwever Euplectes diadematus Kenia, Somaalje, Tanzania stabyl Euplectes diadematus op BirdLife 120px gielrêchfjoerwever Euplectes capensis Berchgebieten Afrika stabyl Euplectes capensis op BirdLife 120px gielskouderwever Euplectes macroura Angoala, Benyn, Boerkina Faso, Boerûndy, Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Tsjaad, Republyk Kongo, Demokratyske Republyk Kongo, Ivoarkust, Gabon, Gambia, Gana, Guinee, Guinee-Bissau, Libearia, Malawy, Maly, Mozambyk, Niger, Nigearia, Senegal, Sierra Leöane, Sûdan, Tanzania, Togo, Sambia, Simbabwe stabyl Euplectes capensis op BirdLife 120px goudkopwever Euplectes afer in soad aparte gebieten ûnder de Sahara stabylEuplectes afer op BirdLife 120px goudrêchwever Euplectes aureus West-Angoala, Sao Tomee stabyl Euplectes aureus op BirdLife 120px Hartlaubwever Euplectes hartlaubi Angoala, Kameroen, Republyk Kongo, Demokratyske Republyk Kongo, Gabon, Kenia, Nigearia, Tanzania, Uganda, Sambia. stabyl Euplectes hartlaubi op BirdLife 120px kapusjonwever Euplectes laticauda Sûdan, Eritreä, Etioopje, Kenia, Noard- Tanzania stabylEuplectes laticauda op BirdLife 120px langsturtwever Euplectes progne Angoala, Botswana, Demokratyske Republyk Kongo, Swazylân, Kenia, Lesoto, Súd-Afrika, Sambia stabyl Euplectes progne op BirdLife 120px lieresturtewever Euplectes jacksoni Kenia, Tanzania stabyl Euplectes jacksoni op BirdLife 120px noardlike fjoerwever Euplectes franciscanus Afrika súd fan 'e Sahara en noard fan 'e evener stabyl Euplectes franciscanus op BirdLife 120px oranjekraachwever Euplectes gierowii Angoala, Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Republyk Kongo, Demokratyske Republyk Kongo, Etioopje, Kenia, Súd-Sûdan, Tanzania, Uganda stabyl Euplectes gierowii op BirdLife 120px readkielwever Euplectes ardens Guinee, binnenlân Sierra Leöane, Noard-Libearia, Noard-Ivoarkust, Súdwest-Niger, Sintraal en Súdeast-Nigearia, Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Demokratyske Republyk Kongo, sintraal en noardeastlik Angoala, Uganda, West-Kenia, Tanzania, Malawy, Noardwest- en Súd-Mozambyk, Eswatiny en eastlik Súd-Afrika stabyl Euplectes ardens op BirdLife 120px súdlike fjoerwever Euplectes orix Noardlik oant Angoala, suden en easten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, Noard-Sambia, Súd-Uganda, Noardeast-Nigearia en Súdwest-Kenia stabyl Euplectes orix op BirdLife 120px swartbúkwever Euplectes nigroventris Kenia, Mozambyk, Tanzania stabyl Euplectes nigroventris op BirdLife 120px swartwjukwever Euplectes hordeaceus Senegal oant Sûdan en súdlik oant Angoala, Tanzania, Simbabwe en Mozambyk stabyl Euplectes hordeaceus op BirdLife 120px waaiersturtwever Euplectes axillaris Angoala, Botswana, Boerûndy, Kameroen, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Tsjaad, Republyk Kongo, Demokratyske Republyk Kongo, Eswatiny, Etioopje, Kenia, Lesoto, Malawy, Maly, Mozambyk, Namybje, Niger, Nigearia, Rûanda, Somaalje, Súd-Afrika, Sûdan, Tanzania, Uganda, Sambia, Simbabwe stabyl Euplectes capensis op BirdLife 120px wytwjukwever Euplectes albonotatus Angoala, Botswana, Boerûndy, Sintraal-Afrikaanske Republyk, Republyk Kongo, Demokratyske Republyk Kongo, Eswatiny, Etioopje, Gabon, Kenia, Malawy, Mozambyk, Namybje, Rûanda, Sao Tomee, Súd-Afrika, Sûdan, Tanzania, Uganda, Sambia, Simbabwe stabyl Euplectes albonotatus op BirdLife

Kategory:Weverfûgel Kategory:Fûgelskaai