It kabinet-Schimmelpenninck wie it earste Nederlânske kabinet. It trede op as tydlik kabinet, nei't de konservative ministers fan kening Willem II opstapt wiene. De wichtichste taak fan it kabinet wie it ta stân bringen fan in feroaring fan de Grûnwet.
Ta formateur fan it kabinet beneamde de kening net Johan Rudolph Thorbecke mar greve Gerrit Schimmelpenninck, in soan fan de eardere riedpenonaris Rutger Jan Schimmelpenninck. Schimmelpenninck wie foarstanner fan in folle behâldender grûnwet as foarsteld troch de grûnwetskommisje-Thorbecke, mei in parlemintêr stelsel nei Britsk model.
De mearderheid fan de ministers wiisde sa'n grûnwet lykwols ôf, en keas foar útwurking fan de foarstellen fan de grûnwetskommisje. Skimmelpenninck en de minister fan kriich, Charles Nepveu, treden dêrop ôf. Dirk Donker Curtius loadste as minister fan Justysje de grûnwetsferoaring hjirnei troch de beide (noch yn mearderheid konservative) Keamers. Nei it ta stân kommen fan de grûnwetsferoaring tsjinnen de ministers harren ûntslach yn.
Schimmelpenninck Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1848 Kategory:Organisaasje opheft yn 1848