De grifformearde tsjerke yn it Eastfryske Auwerk yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen is in klassisistysk sintraalbou.

Skiednis thumb|left|Ynterieur. Yn 'e 17e iuw wennen der yn Auwerk net in soad grifformearden. Hja fregen yn 1685 yn it lutherske Auwerk tastimming om grifformearde tsjinsten te hâlden. Dat waard lykwols pas tastien nei't om 1700 hinne hugenoaten út Frankryk oan it hôf oannommen waarden. De tsjinsten waarden ynearsten yn partikuliere hûzen fierd. Yn 1748 stelde Freark II fan Prusen de eardere garnizoenstsjerke op 'e boppeferdjipping fan 'e kastielwacht ta beskikking en yn 1770 mocht de gemeente ek foar it earst in eigen dûmny beroppe.

Troch ferhûzing fan grifformearden út oare gebieten fan East-Fryslân groeide de gemeente. Ek wie der oanwaaks fan grifformeade flechtlingen út de Palts, dy't om 1800 hinne by Auwerk de saneamde Paltsdoarpen stiften. Yn 1811 baarnde de kastielwacht mei de eardere garnizoenstsjerke op 'e boppeferdjipping ôf.

Nei in skinking fan Napoleon fan 15.000 franken liet de gemeenten yn 'e jierren 1812-1814 neffens in ûntwerp fan Conrad Bernhard Meyer út Auwerk in nij tsjerkegebou bouwe. It is de iennige klassistyske sintraalbou yn it Wezer-Iemsgebiet. De tsjerke is rûn en de koepel wurdt troch acht korintyske pylders droegen. De tsjerke brocht de gemeente hast oan reapsein om 't de kosten fan 'e bou fyftjin kear heger waarden as de skinking fan Napoleon. Troch kollektes fan 'e lutheranen en de joadske gemeente fan Auwerk koe in driigjend faillissemint fan 'e gemeente tefoarren kommen wurde en koe de tsjerke dochs noch foltôge wurde.

Yn 1859 boude de gemeente ek noch in pastorij.

Tusken 2001 en 2003 folge in yngreven restauraasje, wêrby de tsjerke foar it grutste part wer yn 'e oarspronklike steat werom brocht waard.

Oargel thumb|left|Oargel. It tusken 1836 en 1838 troch Gerd Sieben Janssen boude oargel hie oarspronklik alve registers. 35 pipen en de oargelkas binne noch orizjineel. It oargel waard yn 2003 rekonstruearre en útwreide nei 18 registers en twa manualen troch de firma Winold van der Putten.

Keppeling om utens Het Orgel: ynformaasje en disposysje oargel.

Kategory:Bouwurk yn Auwerk Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Dútslân Kategory:Tsjerkegebou yn East-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1814