De mûne fan Rhaude is in stellingmûne yn it Eastfryske doarp Rhaude yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen.
Skiednis Yn 1850 krige Wilken Gerhard Pooker de tastimming om in âlde standermûne út 1709 te ferfangen troch in twa ferdjippingen tellende stellingmûne. De nije mûne waard as in nôtmûne mei in oaljeslaggerij yn 1854 yn bedriuw nommen. Pooker emigrearre yn 1871 nei de Feriene Steaten en ferkocht de mûne doe oan 'e mûnder Meinders út Stickhausen. Dy ferkocht de mûne yn 1916 oan Bernhard Meinders út Filsum, dy't de mûne al sûnt 1904 pachte en dy't der yn 1926 en yn 1930 in elektromotor resp. in diselmotor yn sette.
De mûne bleau oan 1990 yn bedriuw, mar wie al sûnt 1952 net mear op wynkrêft yn gebrûk. It achtkant waard doe ôfbrutsen, wylst de meallerij mei in elektromotor fierder gie. Fierder waard der in foeraazjebedriuw yn iepene. Yn 1972 wie it definityf mei de meallerij dien.
Yn 1991 waard de mûneferiening "Möhlenkring Rhaude/Holte" stifte en tusken 1992 en 1998 waard ûnder lieding fan mûnebouwer Richard Kluin en help fan 'e timmerman Heinz Bunjes de mûne troch frijwilligers wer op 'e nij boud. It geande wurk is hielendal mealree.
Kategory:Mûne yn Dútslân Kategory:Bouwurk út 1854 Kategory:Stellingmole Kategory:Pelmole Kategory:Bouwurk yn Rhauderfehn