Collinghorst is in Eastfrysk doarp )Ortsteil) yn 'e lânkring Lier yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. Gemeentlik is it doarp yndield yn 'e gemeente Rhauderfehn.

Skiednis thumb|left|De Trije-ienheidtsjerke is it âldste gebou fan it doarp. Collinghorst is mei Rhaude ien fan 'e âldste doarpen yn 'e gemeente. It grutste doarp en it haadplak fan 'e gemeente, Westrhauderfehn, is in feankoloanje, dat earst yn 'e 17e iuw ûntstie. De skiednis fan Collinghorst giet folle fierder werom, oant yn alle gefallen healwei de 14e iuw doe't de tsjerke boud waard. It is ien fan 'e âldste tsjerken yn it Overledingerland.

Neffens Otto Galama is de namme fan it plak ôflaat fan 'e Kolden of Kollen, de heidenske preesters fan Friezen, dy't op it plak harren hillichdom hiene. Wierskynliker is de namme in gearfoeging fan 'e namme Koll mei it efterheaksel -ing en it wurd horst, itjinge foar beboske hichte stiet. In oare ferklearring is dat de namme ôflaat is fan 'e famyljenamme Kolling. It plak waard mooglik yn 'e 10e iuw foar it earst as in Udhurstun fermeld. Dy betsjutting wurdt ynterpretearre as in gearstalling fan it Aldnederlânske meartal fan hurst mei it bywurd ūt (= út) en soe dêrneffens (by de) bûtenste bosken betsjutte. Letter oantsjuttings wiene to Kollingehorst yn it jier 1409 en Kollinghorst yn it jier 1438. De hjoeddeiske skriuwwize is sûnt 1599 wenst.

Yn 1409 waard it plak troch haadling Keno tom Brok en syn bûnsmaat Fokko Ukena ynnommen. De stins fan it plak wie in âlde, ienfâldige wartoer. Letter waard dy stins in ûnderdiel fan in Eastfryske pleats. It histoaryske gebou is yn 1945 fernield en de resten binne dêrnei ôfbrutsen. It stie op it terrein oan 'e Haadstrjitte.

Yn Collinghorst stie eartiids de saneamde Wispelingsbeam, in tige âlde linebeam yn it doarpssintrum op it plak dêr't nei alle gedachten de ding gearkaam. Oer de âldens en hichte fan 'e beam binne gjin details bewarre bleaun en it bliuwt in mystearje hokker rol de beam spile hat.

Op 1 jannewaris 1973 waard Collinghorst yn 'e nije gemeente Rhauderfehn yndield.

It besjen wurdich De Trije-ienheidstsjerke.

Keppelings om utens Hiemside fan de gemeente Rhauderfehn Beskriuwing fan Collinghorst yn 'e doarpebeskriuwing fan it Ostfriesische Landschaft

Kategory:Rhauderfehn Kategory:Plak yn Lier (distrikt)