De Trije-ienheidstsjerke (Dútsk: Dreifaltigkeitskirche) is luthersk tsjerkegebou yn Collinghorst yn 'e East-Fryske gemeente Rhauderfehn (Nedersaksen). De tsjerke is in sealtsjerke mei in oanboude westlike toer en krige syn namme nei't in midsiuwske foarstelling fan 'e Trije-ienheid by renovaasjewurk yn 'e tsjerke ûntdutsen waard .

Skiednis It is net wis oft de tsjerke ea in houten foargonger hân hat. De bou begûn nei 1250, nei't in begjin makke waard mei it bakken fan klaaistiennen yn fjildovens yn East-Fryslân. It âldste part fan it gebou is it skip. De tsjerke hie in liemen flier, lytse tige heechlizzende romaanske finsters, in houten plafond en in noardlik en súdlik rûnbôgeportaal. By de ynfiering fan 'e reformaasje yn East-Fryslân waarden dy portalen tichtmitsele. Manlju brûkten de súdlike yngong, froulju it noardlike portaal. Oant de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waard de tradysje dat manlju en froulju by de tsjinsten apart sieten, strang hanthavene.

De finsters waarden yn 'e rin fan 'e tiid ek tichtmitsele, mar harren eartiidske lokaasje is noch dúdlik sichtber oan 'e bûtenkant fan it mitselwurk. Yn 'e súdlike muorre is der wer ien iepenbrutsen. Fan in hagioskoop is allinnich noch in bôge yn 'e súdmuorre sichtber.

Om 1350 hinne ûndergie de tsjerke in grutte renovaasje: it skip waard in meter langer makke en it koer en de toer waarden tafoege. Yn dy tiid waarden goatyske styleleminten tapast, lykas de spitsbôgefinsters en de steunbearen fan it koer. Ut dy tiid datearret yn it ferwulft in skildere genedestoel, in midsiuwske foarstelling fan 'e godlike Trije-ienheid dy't troch twa ingels mei de lijensynstruminten fan Kristus flankearre wurdt.

Oarspronklik wie de toer troch in smelle gong fan 'e tsjerke skieden. Sjitgatten tsjûgje der fan dat de toer ek tsjinne as in wartoer. Njonken it toerportaal wiene iepeningen yn 'e muorre, dy't foar de ferdigening tsjinnen. In oare iepening, sichtber yn 'e tsjerke boppe de hjoeddeiske tagong yn it mitselwurk, tsjinne om it weromlûken nei de boppeste ferdjippings mooglik te meitsjen. Oarspronklik hie de toer in sealtek. Yn 1828 sloech de bliksem yn en yn 1858 krige de toer doe in spits.

It 13e-iuwske balkeplafond fan 'e tsjerke waard nei de Tritichjierrige Oarloch ferfongen troch it hjoeddeiske tonferwulft. Yn dy tiid binne nei alle gedachten ek tsjerkebanken oanskaft, wêrfan't ien bewarre bleaun is. Dy tsjerkebank mei it útfike jiertal 1738 stiet no yn it koer en wurdt troch de tsjerkeried brûkt. De hjoeddeiske tsjerkebanken waarden by de renovaasje yn 1958 set. Tagelyk is doe de houten flier ferfongen troch in betonflier.

De midsiuwske fresko's yn 'e tsjerke ferdwûnen nei de reformaasje iuwen ûnder in laach witerskalk. Se waarden by de renovaasje fan 1958 werom fûn. Oan 'e noardlike muorre is in fresko fan Sint-Kristoffel te werkennen, mar de helte dêrfan is ferneatige troch it ynbringen fan in nije finster. Fierder is der in âld wijingskrús yn 'e apsis bewarre bleaun en in tekst op 'e súdmuorre.

Ynrjochting It âldste objekt is wierskynlik it houten krús mei in korpus. It ikehout dêrfan waard yn it feangebiet fan Collinghorst fûn en wurdt datearre op 'e tiid fan 'e berte fan Kristus.

It doopfont datearret út 'e katolike tiid en is, lykas in soad oare Eastfryske doopfonten, yn 'e 13e iuw fan Bentheimer sânstien makke. Nei't it doopfont út 'e tsjerke helle wie, brûkte in apteker it doopfont as fizel en dêrnei stie it yn in tún as blompot. It streekmuseum yn Westrhauderfehn fûn it doopfont werom en nei de Twadde Wrâldoarloch krige de tsjerke it doopfont werom. De koperen doopskaal waard makke troch Hinrich Willms. It eardere houten doopfont út 1911 krige in opset en tsjinnet no as lessener.

It yn 2005 renovearre alterstik waard makke nei't de gemeente de kalvinistyske lear ynruile foar it lutheranisme. Sintraal stiet it Nachtmiel, dêrnjonken binne der foarstellingen út it Nije Testamint. By de restauraasje fan 'e tsjerke yn 1958 waard in krúkje fûn, dat oarspronklik foar de reliken fan 'e patroanhillige tsjinne.

De preekstoel waard yn 1816 yn Loga boud. Oarspronklik stie de preekstoel yn 'e midden fan é súdlike muorre, mar by de restauraasje ferhûze dy nei it hjoeddeiske plak. It nachmielsreau bestiet út in 17e-iuwske sulveren tsjelk en in sulveren skaal.

De âldste kroanluchter datearret út 1672, de grutste kroanluchter waard yn 1800 troch de bruorren Albert en Hinrich Janssen Roßkam skonken. In tredde kroanluichter waard mei it jild fan in konsert yn 'e tsjerke oanskaft, mar moast yn 'e Twadde Wrâldkriich foar omraning ôfjûn wurde. Nei in jefte fan 'e frouljusferiening waard dy kroanluchter yn 1988 wer ferfongen. Fan 'e fjouwer kandlers op it alter datearje der twa út 1880 en de oare twa út 1958.

De klokken binne yn 1956 oanskaft en getten troch Erding by München.

Oargel thumb|left|Oargel. Oer it earste oargel fan 'e tsjerke is net folle bekend. It stie nei alle gedachten sûnt 1788 op in kreake yn it koer. It hjoeddeiske oargel stiet op 'e westlike oargelkreake. It ynstrumint waard yn 1838 troch oargelbouwer Johann Gottfried Rohlfs út Esens boud en it lêste oargel fan syn wurk. Gelokkich is syn wurk foar in grut part bewarre bleaun en de yntonaasje en disposysje wurde karakterisearre troch eleminten út 'e opkommende romantyk. Yn 1952 waard it ynstrumint in monumint. Sûnt 1955 fûn in net goed slagge renovaasje plak troch it oargelbedriuw Führer út Wilhelmshaven, wêrtroch't it ynstrumint de rykdom oan klank ferlear. De ynstallaasje fan ynfrareadferwaarming en de dêrtroch ûntstiene drûge loft skeinde it ynstrumint sa bot, dat yn 2007 in nije renovaasje nedich wie, dy't oargelbouwer Bartelt Immer útfierde. By dy renovaasjes waard de oarspronklike klank fan it oargel wersteld.

Kategory:Tsjerkegebou yn East-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Dútslân Kategory:Bouwurk yn Rhauderfehn