Unôfhinklike Polityk Nederlân (Nederlânsk: Onafhankelijke Politiek Nederland) (OPNL) is in Nederlânske politike partij dy't fungearret as in lanlik platfoarm fan regionale en lokale partijen. De partij is benammen aktyf yn de Earste Keamer, dêr’t sy (sûnt 1999 mei ien sit fertsjintwurdige is. OPNL stiet foar regionalisme en it prinsipe fan subsidiariteit. De partij wol dat politike besluten safolle mooglik ticht by de boarger nommen wurde.

Skiednis De partij waard yn 1999 oprjochte ûnder de namme Unôfhinklike Senaatsfraksje (Nederlânsk: Onafhankelijke Senaatsfractie) (OSF). Dy namme waard op 4 desimber 2021 feroare yn Unôfhinklike Polityk Nederlân. Sûnt 13 juny 2023 wurdt OPNL yn de Earste Keamer fertsjintwurdige troch Auke van der Goot fan de Fryske Nasjonale Partij.

Oansletten partijen In tal regionale partijen is by OPNL oansletten: + Leden fan OPNL Provinsje Partij PS-2019 PS-2023# stimmen%# sitten# stimmen%# sitten Grinslân Groninger Belang   18.556 7,3 3 / 43   17.385 6,0 3 / 43 Fryslân Fryske Nasjonale Partij   23.662 7,9 4 / 43   27.298 8,1 4 / 43 Provinciaal Belang Fryslân     5.345 1,8 0 / 43     6.891 2,0 1 / 43 Drinte Sterk Lokaal Drenthe     9.344 4,1 1 / 41     7.485 2,8 1 / 43 Flevolân Sterk Lokaal Flevoland - - -     4.518 2,8 1 / 41 Gelderlân Lokale Partijen GelderlandWebsite Lokale Partijen Gelderland   11.053 1,2 0 / 55   16.512 1,6 0 / 55 Utert U26 GemeentenWebsite U26 Gemeenten     6.530 1,1 0 / 49     7.646 1,2 0 / 55 Noard-Hollân Onafhankelijke Politiek Noord-Holland   18.307 1,6 0 / 55   11.916 1,0 0 / 55 Súd-Hollân Lokale Partijen Zuid-Holland   11.648 0,8 0 / 55 - - - Seelân Partij voor Zeeland   10.619 6,2 2 / 39     8.458 4,6 2 / 39 Noard-Brabân Lokaal Brabant   25.485 2,5 1 / 55   45.723 4,2 2 / 55 Limburch Lokaal-Limburg   18.474 4,1 2 / 47   20.128 4,3 2 / 47 mei-inoar 159.023 2,2 13 / 570 173.960 2,2 16 / 572

Fertsjintwurdiging Yn de Earste Keamer hat OPNL sûnt 1999 ien sit.

Keppelings om utens Offisjele webside

Kategory:Nederlânske politike partij Kategory:Earste Keamer Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1999