Westrhauderfehn (Eastfrysk Plat: WesterfeenOosträisk Woordenbauk, Sealterfrysk: Wäästrauderfeen) is in plak yn 'e gemeente Rhauderfehn yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen yn 'e regio East-Fryslân. Sûnt 1973 makket Westrhauderfehn diel út fan 'e gemeente Rhauderfehn. It is wat ynwennertal oanbelanget it grutste plak fan 'e gemeente. It doarp leit oan 'e Deutsche Fehnroute. Ta Westrhauderfehn hearre de útbuorrens Hahnentange en Rajen.

Skiednis Op 10 juny 1766 waard it Gesellschaftsverband der Entrepeneure des Rhauderfehns stifte, dy't op 19 april 1769 fan 'e Prusyske kening feangebiet tawiisd krige om dêr in feankoloanje te stiftsjen. Dy ûndernimmersferiening wie te ferlykjen lykas te uzes de kompanjyën.

Ynearsten wurken de minsken fan 'e koloanje fral yn 'e turfwinning. Letter waard it lân oanmakke en omset yn kultuerlân. Lykas op oare Eastfryske feanplakken droech njonken de turfwinning, en wat minder de lânbou, ek de skipfeart by oan 'e ekonomy fan it plak. De ôfsetgebieten foar de turf wiene fral de stêden Emden en Lier en de regio.

Yn it earste skoft wie de koloanje noch in part fan Rhaude, mar troch de oanwaaks fan it doarp waard it plak yn 1829 in aparte parochy. De lutherske doarpstsjerke waard yn 1848 foltôge. Yn 'e jierren 1852-1853 folge ek noch de bou fan in roomske tsjerke.

It besjen wurdich De Hoffnungskirche is de lutherske tsjerke út 1848. De toer is 54 m heech en hat ien fan 'e heechste tsjerketuorren fan East-Fryslân. Troch de oanrin fan feanarbeiders út it oanbuorjende katolike Papenburg waard foar de katoliken yn 'e jierren 1852-1853 de Sint-Bonifatiustsjerke boud. De tsjerke waard yn 1906 útwreide mei in dwersskip en it koer. It feankanaal snijt it doarp midstwa. It likernôch 6 m brede kanaal en de ferskillende flapbrêgen en boatsjes jout Westrhauderfehn in skildereftich oansjen.

Museum It Fehn- und Schiffahrtsmuseum is yn 'e filla Graepel (1902) ûnderbrocht. Bûten yn it feankanaal leit in orizjinele tsjalk (Twee Gebroeders) út 1908.

Ofbylden

Keppeling om utens Deutsche Fehnroute. Beskriuwing fan Westrhauderfehn yn 'e doarpebeskriuwing fan it Ostfriesische Landschaft

Kategory:Rhauderfehn Kategory:Plak yn Lier (distrikt)