De bleke fjildrôt (wittenskiplike namme: Rattus tunneyi), ek wol de tunneyrôt of Tunney's rôt neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist is endemysk yn Austraalje, dêr't er foarkomt yn dielen fan it noarden fan it lân, hoewol't er foarhinne in gruttere fersprieding hie. It is in middelgrutte rôt mei in herbivoar dieet, dy't nachts aktyf is. De IUCN klassifisearret de bleke fjildrôt as net bedrige.
Taksonomy De bleke fjildrôt waard foar it earst yn 1904 wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch Oldfield Thomas. De eksimplaren dêr't hy syn beskriuwing op basearre, waarden sammele troch de Australyske gearfandelder fan soölogyske spesimina John Tunney en opstjoerd nei it Britsk Museum yn Londen, dêr't Thomas oan ferbûn wie. Dyselde skonk erkenning oan 'e wichtigens fan it fjildwurk troch it soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme fan it bist nei Tunney te ferneamen. Thomas dielde de bleke fjildrôt oarspronklik yn by de echte mûzen (Mus), mar joech oan dat dit bist neffens him nau besibbe wie oan 'e swarte rôt (doe Mus rattus, no Rattus rattus). Letter waarden beide bisten oerpleatst nei it skaai fan 'e echte rotten (Rattus).
Fersprieding De fersprieding fan 'e bleke fjildrôt omfieme ienris hast it hiele fêstelân fan Austraalje, safier nei it binnenlân ta as Alice Springs. Subfossilen fan 'e bleke fjildrôt binne fûn op Kangaroo Island, foar de súdkust fan Súd-Austraalje. Mar yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw is it areaal gâns ynkrompen en no is it beheind ta gebieten oan 'e noard- en eastkust. Oan 'e eastkust rint it ferspriedingsgebiet fan 'e bleke fjildrôt fan Coen, healwei it grutte Kaap-Yorkskiereilân yn it noarden fan 'e Australyske steat Queenslân, by de kust lâns nei it suden ta oant Coffs Harbour yn it noardeasten fan Nij-Súd-Wales.
Oan 'e noardkust rint it areaal fan 'e súdkust fan 'e Golf fan Carpentaria yn it uterste noardwesten fan Queenslân en it noardeasten fan it Noardlik Territoarium fia Arnhimlân yn it uterste noarden fan it Noardlik Territoarium oant de noardkust fan 'e Kimberley, it noardlikste diel fan West-Austraalje. It omfettet ek ferskate grutte eilannen foar de kust: Bathurst en Melville yn 'e Timorsee en Groote Eylandt yn 'e Golf fan Carpentaria. Fierder nei it westen ta komt de bleke fjildrôt ek noch foar op in stikmannich eilantsje foar de kust fan 'e Pilbara-regio fan West-Austraalje.
Uterlike skaaimerken De bleke fjildrôt is middelgrut foar in lid fan skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 12–191/2 sm, mei in sturtlingte fan 8–15 sm en in gewicht fan 50–210 g. De kop is yn ferhâlding ta besibbe soarten frij breed en de eagen binne grut en lykje wat út te puoljen. De earen hawwe in bleek rôzige kleur en in lingte fan 11/2–2 sm. In opmerklik skaaimerk is de sturt, dy't yn alle gefallen dúdlik koarter is as de kop-romplingte. De wyfkes hawwe fiif pear oeren. De pels is op 'e rêch, yn 'e nekke en op 'e boppekant fan 'e kop ljochtbrún oant bêzje, mar skaait oer de siden en de wangen hieltyd ljochter út, oant er op it kin, de kiel, it boarst en de bealch grizich wyt of krêm wurden is.
Biotoop Bleke fjildrotten jouwe de foarkar oan tropysk reinwâld, hoewol't se ek foarkomme op plakken dêr't in tichte begroeiïng fan siggen bestiet. In betingst liket te wêzen dat der yn 'e neite in oerflaktewetter wêze moat, lykas in rivier of in beek. Ek moat de ûndergrûn sêft genôch wêze om yn te graven.
Hâlden en dragen De bleke fjildrôt libbet op 'e grûn, dêr't er foar it meastepart foerazjearret tusken ôffallen blêden en oar fergeand plantaardich materiaal. It is in nachtdier, dat oerdeis rêst yn in eigengroeven ûndjippe hoale yn 'e mulle boaiem.
Foar de populaasje oan 'e Australyske eastkust falt de peartiid yn 'e súdlike maityd (septimber–novimber), wylst de populaasje oan 'e noardkust him fuortplantet yn 'e drûge tiid (maart–augustus). De draachtiid duorret 21–22 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan 2–11, mar meastal 4 jongen smyt. Dy wurde blyn en helpleas berne, mar ûntjouwe har fluch. Mei 20 dagen wurde se ôfwûn. Bleke fjildrotten kinne mei 5 wiken al geslachtsryp wêze. De libbensferwachting fan dizze bisten yn it wyld is ûnbekend, mar foar nau besibbe soarten bedraacht dy 1–3 jier.
Fretten Bleke fjildrotten binne herbivoaren, dy't besteane op in menu fan stâlen, sieden en woartels fan gerzen en krûden.
Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e bleke fjildrôt binne ferskate soarten slangen en ûlen. Rôffûgels dy't oerdeis aktyf binne, sille net sa gau in bleke fjildrôt tsjinkomme, om't dy dan rêste yn harren hoalen.
Status De bleke fjildrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dit bist hat wol lêst fan 'e útwreiding fan feehâlderij yn it gebiet dêr't er foarkomt, mei't swiere kowepoaten de grûn oanstampe oant de bleke fjildrôt der net mear yn grave kin. Ek de yntroduksje troch de minske fan ferwyldere katten (Felis catus) hat in negative ynfloed op 'e bleke fjildrôt.
Yn Queenslân stiet dizze soarte te boek as in agrarysk pleachdier, mei't er de woartels oanfret fan 'e hoepedin (Araucaria cunninghamii), in beam dy't foar de boskbou oanplante wurdt. Dêrtroch geane healwoeksen beamkes dea.
Undersoarten Der binne 2 (stân fan saken yn 2011) erkende ûndersoarten fan 'e bleke fjildrôt (Rattus tunneyi): R. t. culmorum (oan 'e eastkust fan it Queenslân en yn it noardeasten fan Nij-Súd-Wales) R. t. tunneyi (de nominaat, yn it uterste noardwesten fan Queenslân en oan 'e noardkust fan it Noardlik Territoarium en West-Austraalje)
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Echte rôt Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje