De Stiftsmûne is in fiif ferdjippingen tellende stellingmûne mei wynroas yn Auwerk yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. De mûne datearret fan 1858 en is mei in hichte fan 29,95 de op ien nei heechste wynmûne fan East-Fryslân. Allinnich de mûne fan Hage is noch heger. De mûne is mealree en de namme Stiftsmûne ferwiist nei it Sethestift, in stifting dy't oarspronklik widowen en allinnichsteande froulju ûnderstipe.
De mûne is ien fan 'e fiif eardere stedsmûnen fan Auwerk. De wjukken ha in flecht fan 24 meter en binne útrist mei selsswichting. De mûne is mealree en tsjinnet as mûnemuseum.
Skiednis Yn 1731 joech de Eastfryske foarst Georg Albrecht tsjin betelling fan 50 gûne de konsesje om op it hjoeddeiske plak bûten de doetiidske stedsgrinzen nôt te meallen. Dat wie in muonts. Dy mûne waard yn 1855 troch mûnder H. Knoop kocht. Yntusken wie de stêd oan it útwreidzjen en beheinden beammen de wynfang. Dêrom liet de nije eigner de âlde muonts ôfbrekke en him ferfange troch in gruttere, folle hegere mûne. Mei't de mûne grutter wie koene ek letter fierder ûntwikkele mealtechniken ynboud wurde, sadat gruttere mannichten moal produsearre wurde koe. Dochs betsjutte dat net dat de mûne genôch winst oplevere en nei't de meallerij swier yn 'e skulden rekke, moast de mûndersfamylje it bedriuw yn 1930 opheffe.
Twa jier letter kocht it Sethestift de mei ôfbraak bedrige mûne en ferpachte dy oan in pear bruorren, dy't de mûne oant 1968 oan it wurk holden. Dêrnei behearde de Auricher Heimatverein de mûne, dy't in yngreven restauraasje útfiere liet. De wjukken, de wynroas, de stelling en it reid waarden fernijd. Yn 1977 iepene de feriening in museum yn 'e mûne.
Museum De mûne is mealree en de yn 1977 iepene útstalling op fiif ferdjippingen ynformearret oer de ûntwikkeling en betsjutting fan 'e mûnen foar East-Fryslân en it proses om fan nôt bôle te meitsjen. Op it terrein is fierder in bakhûs mei in troch turf ferhitte stiebakûne oanwêzich. Dêrnjonken kriget de ûntwettering fan 'e Eastfryske polders troch poldermûnen omtinken.
Kategory:Bouwurk yn Auwerk Kategory:Mûne yn Dútslân Kategory:Museum yn East-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1858 Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole