De Friedenskirche (Fredestsjerke) is in luthersk tsjerkegebou yn it Eastfryske plak Loga, in Stadtteil fan 'e Dútske stêd Lier.

Skiednis Neffens it konkordaat fan Emden fan 1599 wie it de lutheranen ferbean om yn it grifformearde Loga in eigen tsjerke te bouwen. Hja hiene lykwols wol de mooglikheid om diel te nimmen oan it kiezen fan in grifformearde dûmny en mochten har oanslute by de lutherske gemeente fan it oanbuorjende Logabirum, mar moasten likegoed oan 'e tsjerklike heffingen fan 'e grifformearde gemeente yn Loga meibetelje. Ek de famylje Fan Wedel, de hearen fan Loga, wiene luthersk. De famylje besocht ferskillende kearen in tsjerke yn Loga te stiftsjen, of oars teminsten lutherske tsjinsten yn 'e grifformearde tsjerke te organisearjen. Dat waard ynearsten hieltiten ôfwiisd, mar nei't de greve finansjeel garant stean woe foar de takomst fan lutherske gemeente, folge dochs tastimming. thumb|left|Mozayk. Yn it jier 1891 waard lang om let de tsjerke neffens it ûntwerp fan 'e arsjitekt Ferdinand Schorbach út Hannover yn 'e styl fan 'e neogotyk boud. It grûnstik en it jild waard troch Karl-Georg fan Wedel fan 'e Evenburg skonken, dy't as tsjinprestaasje it tsjerkepatronaat krige. De greve joech boppedat de twa tsjerklike gemeenten fan Loga in mienskiplik begraafplak.

Op 24 juny 1891 waard de tsjerke mei de 45 m hege westlike toer ynwijd. Tsjin de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waarden toer en tsjerke troch besjittingen sa slim skeind, dat de tsjerke ynearsten net mear brûkt wurde koe. Oant de renovaasje wie de gemeente gast by de oanbuorjende grifformearde gemeente. Yn 1949 koe de tsjerke wer oan 'e lutheranen oerdroegen wurde.

It yn 1891 troch Johann Diepenbrock boude oargel waard ek slim skansearre en waard yn 1964 troch in nij ynstrumint fan Ahrend & Brunzema mei 13 registers op twa manualen en pedaal ferfongen. Yn 'e toer hingje klokken fan 'e klokkejitterij Otto yn Hemelingen út 1890 en 1920.

Kategory:Bouwurk yn Lier Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Dútslân Kategory:Tsjerkegebou yn East-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1891