De tsjerke fan Logabirum (Dútsk: Logabirumer Kirche) is in luthersk tsjerkegebou yn it Eastfryske doarp Logabirum, in Stadtteil fan Lier.

Skiednis thumb|left|Ynterieur. De tsjerke waard om 1300 hinne as sealtsjerke fan kleastermoppen boud. It hie ynearsten yn it koer in stiennen ferwulft, mar letter waard in houten plafond ynboud. Yn 1812 binne de muorren ferhege en grutte rûnbôge ramen ynbrocht.

By de tsjerke stie eartiids in frijsteande klokketoer op it hôf. Dy waard fanwegen brekfalligens tn 1879 ôfbrutsen en ferfongen troch de westlik oanboude toer. De 29,5 m hege toer waard nei wetterskea yn 1892, in bliksemynslach yn 1922 en in granaatynslach yn 'e Twadde Wrâldkriich tusken 1960 en 1976 fernijd. Dêrby krige de toer in nij fûnemint en is doe op 'e nij ommitsele.

Ynterieur De tsjerke hat in houten tonferwulft en der lizze ferskillende 16e- en 17e-iuwske grêfsarken. De preekstoel stamt út 1649. Fan it liturgysk reau is in tsjelk út 1598, in hostydoaske út 1751, in kanne út 1766 en in tsjelk foar siken út 1847 bewarre bleaun.

Oargel thumb|left|Oargel. De tsjerke hat yn alle gefallen sûnt 1729 in oargel. It ynstrumint út dy tiid hie sân registers op ien manuaal en oanhongen pedaal, mar waard yn it ramt fan nijbou yn 1812 oan 'e tsjerke fan Cleverns ferkocht, dêr't de oargelkas noch bestiet. Gerhard Janssen Schmid boude yn 'e jierren 1812-1813 in oargel mei njoggen registers op ien manuaal en oanhongen pedaal. It ynstrumint waard yn 1928 troch in twaddehâns oargel fan Wendt en Heise út it jier 1907 ferfongen (II/P/8). Troch oarlochsskea gie dat oargel yn 1945 ferlern. De firma Alfred Führer boude yn 1950-1951 doe in nij ynstrumint (I/P/8).

It hjoeddeiske oargel datearret fan Jürgen Ahrend, dy't yn 'e jierren 1994-1998 in oargel mei tsien registers op ien manuaal en pedaal boude. De oargelkas oriïntearret him oan it barokke oargel út it earste fearn fan 'e 18e iuw, mar waard mei twa flankearjende tuorren útwreide.

Kategory:Bouwurk yn Lier Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Dútslân Kategory:Tsjerkegebou yn East-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 14e iuw