It kabinet-Gerbrandy II (ek bekend as London III) wie ien fan de fjouwer Londenske kabinetten dy't yn de Twadde Wrâldkriich it Nederlânske Regear-yn-ballingskip foarmen, dy't harren sit yn Londen hiene.

Op 27 jannewaris 1945 late in troch minister Burger holden radiotaspraak ta de ein fan dit kabinet. Burger hie der foar pleite nei de kriich ûnderskied te meitsjen tusken "foute Nederlanners" en "Nederlanners dy't flaters makke hiene". Gerbrandy frege him dêrom ûntslach te nimmen en mei Burgers namen ek de oare SDAP-ministers ûntslach.

Gerbrandy 2 Kategory:Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1941 Kategory:Organisaasje opheft yn 1945