De Kubaanske oehoe (wittenskiplike namme: Bubo osvaldoi), ek wol Osvaldo's oehoe neamd, is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes), de famylje fan 'e ûlefûgels (Strigidae) en it skaai fan 'e oehoes (Bubo). Dit bist kaam yn it Pleistoseen foar op Kuba en wie grutter as alle ûlesoarten dy't hjoed de dei libje.

Taksonomy De Kubaanske oehoe waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1994 troch de Kubaanske paleöntolooch Oscar Arredondo y.g.m. de Amerikaanske ornitolooch Storrs L. Olson. Hja basearren har by harren beskriuwing op in holotype besteande út trije bonken dy't fûn wiene yn in grot (de Cueva del Mono Fósil), yn 'e Sierra de Galeras, oan 'e súdkant fan yn it Guaniguanicoberchtme, yn 'e provinsje Pinar del Río yn westlik Kuba. Dy bonken hearre no ta de kolleksje fan it Nasjonaal Natoerhistoarysk Museum fan Havana. Dêropta beskreaune Arredondo en Olson ek twa bykommende paratypen út Baire yn 'e provinsje Santiago de Cuba yn eastlik Kuba. It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme Bubo osvaldoi ferwiist nei de speleolooch (grotûndersiker) en amateur-paleöntolooch Osvaldo Jiménez, de oarspronklike finer fan it holotype.

Fersprieding Der komme trije ûnderskate soarten libbene oehoes (Bubo) foar yn 'e Nije Wrâld: de snie-ûle (Bubo scandiacus) yn 'e Arktis, de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus) fan Alaska en noardlik Kanada oant noardeastlik Argentynje, en de Magelhaenoehoe (Bubo magellanicus) fan Perû oant Kaap Hoarn. Op 'e Grutte en Lytse Antillen ûntbrekke oehoes lykwols, en de Kubaanske oehoe is dêre de iennichste fossile fertsjintwurdiger fan it skaai fan 'e oehoes en de tûke fan 'e oehoefûgels (Bubonini).

Beskriuwing By de bonken dy't Arrendondo en Olson bestudearren, sieten twa bilbonken, dy't dúdlik yn grutte ferskilden. De mannen ornearren dat de grutste fan in wyfke wêze moast en de lytsere fan in mantsje, mei't by alle soarten oehoes datoangeande in foarm fan seksuele dimorfy bestiet. De bilbonke fan it mantsje waard yn grutte inkeld oertroffen troch dy fan 'e grutste wyfkes fan beide grutste soarten libbene ûlen, de (gewoane) oehoe (Bubo bubo) en de grutte fiskûle (Ketupa blakistoni). Foar wat de bilbonke fan it wyfke oanbelange, dy wie grutter as dy fan eltse libbene ûle. Dat betsjut dat de Kubaanske ûle as fûgel grutter west hawwe moat as eltse libbene ûle. De totale lichemslingte wurdt rûsd op 80–85 sm.

De boppe-earmbonke fan 'e Kubaanske ûle wie lykwols fan ferlykbere grutte mei ferskate libbene soarten ûlen. Arredondo en Olson woene hawwe, dat suggerearre dat de wjukken fan 'e Kubaanske ûle krompen wiene yn ferhâlding ta de grutte fan it lichem as gehiel. Mooglik dat er op in eilân, dêr't gjin grutte grûnrôfdieren foarkamen, minder needsaak hie om te fleanen of sels ta in flechtleaze steat redusearre wie.

Alderdom De fossilen fan 'e Kubaanske oehoe kinne rûchwei datearre wurde op basis fan 'e mjitte fan mineralisaasje dy't se hawwe en teffens op basis fan oare fossilen dy't yn deselde grûnlagen oantroffen binne. Sadwaande kin mei wissichheid sein wurde dat se út it Kwartêr stamje, en binnen dat tiidrek nei alle gedachten út it Pleistoseen. In sekuerdere datearring moat wachtsje op 'e fynst fan mear fossilen fan dit bist.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Oehoe Kategory:Bist útstoarn yn it Pleistoseen Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn Kuba