De Protestantsk-grifformearde tsjerke (Dútsk: Evangelisch-reformierte Kirche) is in protestantsk-grifformeard tsjerkegebou yn it Eastfryske plak Loga, in Stadtteil fan 'e Dútske stêd Lier. De tsjerke datearret út de 13e iuw en tsjinne eartiids as grêftsjerke foar de greven Fan Wedel.

Skiednis It tsjerkegebou waard tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw as sealtsjerke fan kleastermoppen boud. Yn 'e 15e iuw waard it koer mei in krúsferwulft útwreide, sadat it tsjerkeskip oer de hiele breedte 5,5 m nei it easten langer waard. In stien mei it jiertal 1472 boppe it noardlike portaal soe de boutiid dêrfan oanjaan. Letter waarden de romaanske ramen tichtmitsele en gruttere ramen ynset. thumb|left|Grêfkelder. By de restauraasje fan 1966 binne muorrenissen bleatlein, dêr't foar de reformaasje reliken of liturgysk reau bewarre waard. Under it koer liet kolonel Erhard von Ehrentreuter fan Hofrieth (1596-1664), de bouwer fan it oanbuorjende slot Evenburg, yn 'e 17e iuw in grêfkelder mei twa romten oanlizze.

Doe't yn 1839 de âlde frijsteande toer fanwegen brekfalligens ôfbrutsen waard, krige de tsjerke in nije westlike toer fan seis ferdjippingen. De toer liket op in fjoertoer en docht tinken oan 'e klokketoer fan Ditzum.

Ynterieur Yn 'e 19e iuw waard in houten tonferwulft ynbrocht, dat by de restauraasje fan 'e jierren 1960 wer ferfongen waard troch it oarspronklike balkeplafond. By dy restauraasje waard ûntdutsen dat ûnder de kalklaach eartiids 15e-iuwske foarstelllingen oer it lijen fan Kristus sieten. De fresko's binne net bewarre bleaun. thumb|left|Ynterieur. It romaanske doopfont fan Bentheimer sânstien is net mear kompleet en mist de fersieringen en de foet mei liuwekoppen. Yn 'e 19e iuw waard it âlde doopfont ferfongen troch in lytser doopfont en ferhûze it âlde doopfont nei bûten. Letter brûkte de smit it doopfont om dêr syn ark yn te kuoljen, oant it nei de Twadde Wrâldkriich wer ûntdutsen waard en in plak yn 'e tsjerke krige. Foar de rokoko-preekstoel leit de sark fan Erhardt von Ehrentreuter. De preekstoel krige yn 1778 fykwurk mei wynranken fan Joachim Kasper Hessemeiers (Hessenius) en in klankboerd yn 'e foarm fan in kroan. Oan it klankboerd stiet it opskrift Dese Kroon en Predikstoel is gegeven van Geert Carsjens en Aafke Aeyelts Groenevelds Echtelieden. De kroanluchter fan 'e tsjerke waard yn 1690 skonken. De tsjerke hat in 18e-iuwske nachtmielskaal fan Rintzius de Grave.

Oargel It oargel stamt út it jier 1969 en waard troch de oargelbouwer Ahrend & Brunzema boud. It ynstrumint hat njoggen registers op ien manuaal en pedaal.

Ofbylden

Kategory:Bouwurk yn Lier Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Dútslân Kategory:Tsjerkegebou yn East-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 13e iuw