De Evenburg is in neogoatysk wetterslot yn Loga, in Stadtteil fan 'e Dútske stêd Lier, Nedersaksen.
Skiednis It earste kastiel waard yn opdracht fan ryksfrijhear Erhard von Ehrentreuter as barok wetterslot boud. It haadgebou wurdt omfieme troch in brede rjochthoekige grêft. Neffens ôfbylden wie it eartiids in twa ferdjippingen tellend bakstiennen slot op kelders mei legere oanbouwsels en dêrnjonken wie der in oranjery mei barokke tunen en kavallierhûzen yn 'e Nederlânske barok. De ûntwerpen waarden oan Jacob van Campen taskreaun. De bouhear ferneamde it slot nei syn frou Eva von Ungnad (Evenburg). thumb|left|Efterkant. Healwei de 19e iuw wie it slot foar de bewenners te lyts en âlderwetsk woarn. De doetiidske eigner Carl Georg Graf fan Wedel joech opdracht oan Rudolf Stüve (1828–1896) út Hannover om it slot te fergutsjen en te ferbouwen, mar neffens de arsjitekt wiene grutte dielen fan it slot brekfallich en fan it âlde gebouw waarden allinnich de bûtenmuorren, in pear tusken muorren en de kelderferwulften wer yn 'e nijbou opnommen. Stüve ûntwurp ek it Organeum yn Weener (1870-1873), tichteby de Nederlânske grins. Yn 'e foarhal waard ek in blaustien-moarmerflier op 'e nij brûkt. It gebou waard yn twa jier tiid yn neogoatyske styl werboud.
Yn 'e jierren 1930 ferhûze de famylje nei it slot Gödens yn Sande, dêr de famylje ek no noch wennet. It slot ferturtearzge dêrnei en de fersieringen lykas de kantelen, de tuorkes en dekoraasjes oan it dak waarden ôfbrutsen. By it ferhelpen fan 'e skea út de oarlochsjierren yn 'e jierren 1950 ferlear it dak noch mear fersieringen.
Yn 1975 krige de lânkring Lier it slot yn besit, dy't it renovearje liet. By lettere renovaasjes binne ek de kantelen, de tuorkes en oare dakdekoraasjes werombrocht. It park om it slot is in Ingelsk lânkskipspark, dat frij tagonklik is. thumb|left|Vorburg.
It poartegebou (Vorburg) datearret noch út de boutii fan it barokke slot. De trochgong waard yn 1703 trochbrutsen en it gebou krige doe in houten dakruter. De klok fan 1659 dy't dêr hong is hjoed-de-dei yn 'e Evenburg te sjen. It hjoeddeiske klokje waard yn 2013 getten. De oaljefant yn it wapen fan it poartegebou ferwiist nei de Oarder fan 'e Oaljefant, dy't greve Gustaaf Willem fan Wedel krige doe't er yn 1684 troch de Deenske kening Kristiaan V adele waard. It gebou ferlear syn symmetryske struktuer nei't yn 'e Twadde Wrâldkriich ien fan 'e twa dwersfleugels troch oarlochsskea ôfbrutsen wurde moast.
Oars Tichteby it slot stiet de grifformearde tsjerke, de grêftsjerke fan 'e hearen fan 'e Evenburg.
Kategory:Bouwurk yn Lier Kategory:Boarch yn East-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1862