De griisboarstglânsstaar of griisboarstglânsprotter (Lamprotornis fischeri, earder: Spreo fischeri) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Skaaimerken thumb|left|Griisboarstglânsprotters mei trijekleurige glânsstaren. De griisboarstglânsstaar is in protter mei in ljochtgrize kop, in wyteftige kroan en in ljocht each, dat kontrastearret mei it swart tusken de snaffel en it each. De boppedielen binne brúngriis mei in swakke griene en blauwe irisaasje. It boarst is brúngriis en de búk is witich, mei op'e flanken donkere plakken. Yn 'e flecht binne der grutte wite plakken oan 'e ûnderkant fan 'e wjukken te sjen.
Fersprieding De fûgel libbet fan Súd-Etioopje en Súd-Somaalje oant eastlik Kenia en noardeastlik Tanzania en wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.
Harren habitat bestiet út drûge savannes, lânbougebieten en om stêden en doarpen hinne. Se binne faak yn groepen mei oare soarten te sjen.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny ta Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de soarte as net bedrige (LC).
Namme De wittenskiplike namme fan 'e fûgel is in earbetoan oan Gustav Adolf Fischer (1848-1886), in Dútske arts, ûntdekkingsreizger en samler fan bisten, dy't fan 1876 oant 1886 aktyf wie yn tropysk Afrika.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Glânsstaar Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania