De trijekleurige glânsstaar of trijekleurige glânsprotter (Lamprotornis superbus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Beskriuwing thumb|left De 19 oant 20 sm lange fûgel hat in swarte kop en is yn 'e nekke en op 'e skouders blaugrien. De siden fan 'e hals, de kiel en it boarst binne irisearjend blau. De búk is oranjeread en fierder is de fûgel fral blau en grien, mei útsûndering fan 'e wite ûndersturtdekfearren. Tusken it blauwe boarst en de reade búk rint fierder in smelle wite bân. De trijekleurige glânsstaar hat wite eagen, in swarte snaffel en swarte poatsjes.
Fersprieding Trijekleurige glânsstaren libje yn it noardeasten fan Afrika yn Etioopje, Somaalje, Uganda, Kenia en Tanzania. Se libje yn savannes, yn strûken, op ikkerlân, oan stedsrannen mar ek yn stêden.
Briedgedrach De soarte siket it iten op 'e grûn, dat njonken ynsekten, wringeleazen en wjirms ek út fruchten en sied bestiet. As de fûgels yn groepen oankomme op ikkers, kinne se foar de boeren in soad oerlêst bringe. Yn doarpen en stêden kinne de fûgels brutaal om fretten biddelje.
In pearke boud tegearre yn toarnstrûken, spjalten fan rotsen of yn beammen in nêst fan gers en tûkjes. In lechsel bestiet út fjouwer blaugriene aaikes mei readbrune of blauwe plakjes. Nei 14 dagen komme de aaikes út. It mantsje en wyfke bringe beide de jonge fûgels grut.
Status De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt as algemien of talryk omskreaun. De soarte is foar in part ôfhinklik fan boskhabitat, dat yn it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte ûnder druk stiet. Der wurdt dêrom oannommen dat de soarte yn oantallen ôfnimt, mar net sa bot dat de fûgel as bedrige beskôge wurde kin. De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige op 'e Reade list klassifiseare.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Glânsstaar Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda