De twakleurige glânsstaar of twakleurige glânsprotter (Lamprotornis bicolor) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

Skaaimerken thumb|left|Jonge fûgel. Folwoeksen fûgels binne 27 oant 28 sm lang en ha foar it measte in dof glânzgjend donkerbrún oant swart fearrekleed, útsein in wite ûnderbúk en wite ûndersturt. It hat in wite iris en in giele ûndersnaffel. Mantsjes en wyfkes binne allyk, mar de jonge fûgels ha gjin skimering op 'e fearren, in brún iris en in dofgiele ûndersnaffel. Der binne gjin ûndersoarten.

Fersprieding Twakleurige glânsstaren komme yn Súd-Afrika, Lesoto en yn mindere mate ek yn Swazylân foar. De fûgel waard ûntdutsen yn 'e regio fan it Kaapske Skiereilân, dêr't er nei alle gedachten net mear foarkomt.

De fûgel hat in foarkar foar iepen, healdrûge gebieten, greidlân, fjilden en greiden en tinbefolke gebieten of lytse stêden. Ek komt de fûgel yn kustgebieten mei tijwetter foar. Se binne net te finen op plakken mei tichte bebouwing fan stêden en likemin yn bosken of woastyn. De fûgels binne oant in hichte fan 2.500 yn it Drakensberchtme te finen. Yn Natal wurdt de twakleurige glânsstaar op fanôf in hichte fan 1.200 m boppe seenivo oantroffen.

Hâlden en dragen De fûgel briedt yn tunnels fan rivieriggen, mar brûkt ek holtes yn gebouwen en beamholtes. It nêst wurdt makke fan plantaardich materiaal mar ek minsklik ôffal wurdt brûkt. Wyfkes lizze ornaris fjouwer aaien, mar lechsels kinne út twa oant fjouwer aaien bestean. De aaikes binne blaugrien mei wat reade plakjes.

It wyfkes briedt de aaien tusken 14 oant 16 dagen út en de jongen fleane nei 22 oant 28 dagen nei it útkommen út. Beide âlden fuorje de jongen en wurde dan holpen troch fûgels dy't net briede.

Bûten de briedtiid foarmet de soarte grutte kloften, somtiden wol 1000 fûgels grut.

It iten bestiet út wringeleazen, sied en beien, mar fral ynsekten, mychammels en termiten. Se ite ek figen út tunen en komme by foerbakken. Faak wurdt de fûgel by fee sjoen.

Status Der binne gjin wisse rûzings oer de grutte fan 'e populaasje, mar de soarte wurdt yn in grut diel fan it ferspriedingsgebiet as algemien beskreaun. De populaasje wurdt as stabyl beöardiele. Dêrfandinne stiet de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC, 2024).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Glânsstaar Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân