De Afrikaanske sêfthierrotten (wittenskiplike namme: Praomys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae). Ta dit skaai hearre fjirtjin ûnderskate soarten, dy't allegearre endemysk binne yn Afrika besuden de Sahara.

Skaaimerken en libbenswize Afrikaanske sêfthierrotten binne net bot spesjalisearre rotten mei in sêfte koarthierrige pels, lange rûnige earen en in lange sturt. De kop-romplingte bedraacht 9–15 sm, de sturtlingte is 10–17 sm en it gewicht berint 30–50 g. Afrikaanske sêfthierrotten binne omnivoaren, dy't benammen wringeleas dierte, fruchten, sieden en blêden frette.

Soarten

skaai Afrikaanske sêfthierrotten (Praomys) coetzeesêfthierrôt of Coetzee's sêfthierrôt (Praomys coetzeei) daltonsêfthierrôt of Daltons sêfthierrôt (Praomys daltoni) degraaffsêfthierrôt of De Graaffs sêfthierrôt (Praomys degraaffi) deroosêfthierrôt of De Roo's sêfthierrôt (Praomys derooi) Gotelsêfthierrôt (Praomys obscurus) hartwigsêfthierrôt of Hartwigs sêfthierrôt (Praomys hartwigi) jacksonsêfthierrôt of Jacksons sêfthierrôt (Praomys jacksoni) Kameroensêfthierrôt (Praomys morio) lytste sêfthierrôt (Praomys minor) misonnesêfthierrôt of Misonne's sêfthierrôt (Praomys misonnei) mutonsêfthierrôt of Mutons sêfthierrôt (Praomys mutoni) pettersêfthierrôt of Petters sêfthierrôt (Praomys petteri) tullbergsêfthierrôt of Tullbergs sêfthierrôt (Praomys tullbergi) wâldsêfthierrôt (Praomys rostratus) Der binne fierders fan 'e Afrikaanske sêfthierrotten ferskate fossilen bekend, dy't tebekgeane oant it Ier-Plioseen (5,3 miljoen jier lyn). Ferskaten fan dy fossilen, lykas Praomys skouri en Praomys darelbeidae, binne fûn yn Noard-Afrika, dêr't de sêfthierrotten no net mear foarkomme,

Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Mûseftige