Naunheim is in plak yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak heart by de ferbânsgemeente Maifeld, dy't de sit yn Polch hat.
It besjen wurdich De Sint-Albanustsjerke fan it doarp mei de frijesteande klokketoer datearret fan 1929-1930 en is in ûntwerp fan Ludwig Becker. By de tsjerke stiet in groep fan 25 grêfkrusen út de 16e oant en mei de 19e iuw. Oan 'e Maifeldstrjitte stiet by nû. 60 in kapel út 1830. Westlik fan it doarp stiet in neogoatyske kapel út 1821. Yn en om it doarp steane in grut tal fjildkrusen, fral út de 18e en 19e iuw.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts