De grutte blau-earglânsstaar of grutte blau-earglânsprotter (Lamprotornis chalybaeus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

Skaaimerken De 21 oant 24 sm lange fûgel weaget 79 oant 106 gram. It is in relatyf grutte, meast blaugriene glânsprotter mei in soad likenis op 'e brûnssturtstaar en de lytse blau-earglânsstaar. In ferskil mei de brûnssturtstaar is de blauwe irisaasje op 'e boppesturtdekfearren en de blaugriene sturtfearren. De kleur fan 'e iris ferskilt fan wyt en giel oant oranje of read.

Fersprieding De soarte libbet yn Afrika ûnder de Sahara en wurdt yn fjouwer ûndersoarten ferdield:

Lamprotornis chalybaeus chalybaeus: fan Senegal en Gambia oant sintraal Sûdan. Lamprotornis chalybaeus cyaniventris: fan Eritreä oant noardwestlik Somaalje, noardlik Kenia en easstlik Kongo-Kinsjasa. Lamprotornis chalybaeus nordmanni: fan súdlik Angoala en noardlik Namybje oant súdlik Mozambyk en noardelik Súd-Afrika. Lamprotornis chalybaeus sycobius: fan súdwestlik Uganda en súdlik Kenia oant westlik Mozambyk.

De ferskillen tusken de ûndersoarten binne subtyl en njonken de geografyske fersprieding is der ferskil yn grutte en kleur.

It habitat fan 'e fûgel bestiet út savanne mei bosk. Yn West-Afrika libbet de fûgel yn drûge gebieten, yn it easten en suden mear yn boskryk of yn kultuer brocht lân mei mear rein. De fûgel libbet yn leechlannen en yn Kenia ek oan 'e kust, mar yn Etioopje komt de fûgel ek yn heechlân oant 2000 m boppe de seespegel foar.

Briedgedrach It briedseizoen is ôfhinklik fan 'e regio; yn it noardwestlike en sintrale gebieten is dat fan juny oant oktober, yn it noardeasten fan maart oant jylyt en yn it suden fan augstus oant jannewaris. Wyfkes lizze twa oant fiif ljocht blauwe of grieneblauwe aaikes mei readbrune en donkerblauwe plakjes. De briedtiid duorret twa wiken. De jongen wurde ynearsten mei ynsekten fuorre, letter ek mei beien. Nei 23 dagen ferlitte de jongen it nêst, dêr't de fûgel faak in holte fan in âld nêst fan in spjocht of Afrikaanske burdfûgel foar brûkt. Ek briede de fûgels wol yn toarneftige strûken of sels âlde nêsten fan 'e hillige ibis of earrebarren.

Status Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de fûgel wurdt as algemien en lokaal talryk beskreaun. Oannommen wurdt dat de oantallen stabyl binne. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (LC, net bedrige)klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Glânsstaar Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe